Op 'e Lotteringberch.
Piter Yedema
Cornelis van der Wal, Sinnestriel op it Offermês. Koperative Utjowerij, Boalsert 1997. 40 siden. f 17.50.
Oft Cornelis van der Wal nêst syn manifeste kwaliteiten as dichter, deklamator, resinsint ek noch wurdearre of alteast hifke wurde moat op syn minder oan 'e dei lizzende, apokrive eigenskippen fan ‘okkultist, terrorist’, dêr't er him yn Trotwaer fan augustus 1998 yn in koart currilicum vitae mei oan it publyk foarstelt, is in fraach dy't in besprekker fan syn dichtwurk it leafst mei Nee beäntwurdet, mar dêr't de lêzende boarger, boer of doarpsman, dy't net opbrocht is yn de lear om literatuer fan de rest fan it libben ôf te skoatteljen, syn niget oan ha soe.
No't Van der Wal him mei dit soarte aksjes as dichter identifisearret, sa as Schurer mei Kneppelfreed en guon oare dichters yn 'e oarloch mei kollaboraasje, moat steld wurde dat de skieding tusken literatuer en beweging, - oait útsprutsen - lettere oankrûperij net yn 'e wei stien hat.
Yn 'e regel ha sokke publike, yndividuele, bizarre aksjes der baat by as se troch in bizar yndividu, dy't as sadanich publyk bekend stiet, útfierd wurde. Publike bekendheid is Van der Wal syn diel wurden en bizarrery klibbet elk oan dy't soks mei poëzy wit te berikken. Syn earste bondel, In nêst jonge magneten (1995), krige de Fedde Schurer-priis en syn twadde, hjir te besprekken bondel wie bêst genôch om de dichter út foardrage te litten op Poetry International '97.
Yn ús ûntwikkele Jûnslân, de hemisfear fan it Noardwesten, tinke wy al lang net mear dat de geast en har produkten in lette, flinterige en hast oerstallige útbloei is fan mear primêre, taastbere ferskynsels as grûn, wetter en soerstof, noch fan de tafallige, histoarysk faak needsaaklik neamde oarder fan de minskemienskip, noch ek fan de bio-psychyske realiteit fan de tafallige minsklike produsint.
Wat dat oangiet binne wy idealisten fan it suverste kantiaanske wetter en stelle ús de geast, de ynspiraasje ensfh. foar as in ûnoantaastber, ûnbesmodze, kreatyf wêzen, d.w.s. skeppend út it Neat. Hoewol't it nijsgjirrich is om de biografy fan in dichter te kennen, binne wy dochs huverich om syn wurk hookstrooks of fia fia oan syn libben, syn geslacht, oan syn ‘tiid’ te keppeljen. De geast, tinke wy, kin him fan al dizze omstannichheden losmeitsje - wy achtsje it mooglik dat de geast yn syn eigen triomfen libbet, al soe it materiele bestean mar suterich wêze.
Ik sjoch gjin reden om fan dit algemien beskaafd útgongspunt ôf te stappen yn it gefal Van der Wal, allinne om't er mei in hanneling, dy't net ta poëzy yn ingere sin late, bekendheid krige, besocht te krijen of - foar safier oanwêzich - foar ‘in goed doel’ besocht yn te setten.
Wy sille syn poëtyske meidielingen opnimme sa't se ta ús komme, as uteringen en skeppingen fan in frij-sweevjende geast dêr't de namme fan by de redaksje bekend is. Mocht it him al hiem wêze om kryptysk tynge te dwaan fan ûnk en ferneatiging - it liket my dat wy dan oan syn poëzy genóch ha om dat