Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdDer is noch wat oarsFoar mysels giet dy útspraak fan Anne Wadman wol op. Mar der is ek noch wat oars. Wêrom soe ien dy't fan hûs net Frysk praat yn dy taal skriuwe wolle? Neffens my út it ferlet wei om derby te hearren, om ‘one of the boys’ te wêzen, om as lid fan it Skriuwersboun, dêr't jo nammers net skriuwer foar hoege te wêzen, dochs sjen te litten, dat men meidwaan wol, dat men solidêr is, dat men wit, wêr't men it oer hat, as men kritiken skriuwt. Sibe van der Meer frege my destiids, doe't ik noch mar krekt as frijwillichster by it Letterkundich Museum wurke, yn ien sike oft ik lid fan it Skriuwersboun wurde woe èn fan de redaksje fan de Skriuwerskalinder en doe't ik dêr ‘ja’ op sein hie, woe ik, nei in borduerpatroantsje, it oare jier dochs wol mei in echte ‘skriuwersbydrage’ komme. Hoewol't ik yn myn studintetiid wolris fersen skreaun hie foar it U.S.R.-jierboek, benammen yn it jier dat ik yn de redaksje dêrfan siet, tink ik net, dat ik yn it Nederlânsk my fierder op it skriuwen fan ‘literêre’ teksten talein hawwe soe. As ik net omswaaid wie fan de stúdzje Nederlânsk nei Frysk, of as ik myn earste leafde folge hie en skiednis studearre hie, wie ik yn it ûnderwiis bedarre en dan soe it wat myn skriuwen oangiet grif by ris in artikeltsje yn in faktydskrift bleaun wêze, of yn de skoalkrante fansels, as ik foar de redaksje dêrfan frege wie. |
|