lân fan sinneskyn en palmerûzjen. Dat ropt fan alles op by de ‘ik’.
Ien foar ien wurde de dia's fan dy fakânsje beskreaun, mei wat eftergrûnynformaasje. Om't dy foarm keazen is, is dat genôch. Moai kompakt. En de lêste sin is in fynst. Fregest dy krekt ôf oft de haadpersoan nei it ôfreizgjen fan Ytzen en Thomas no kontakt sykje sil mei in stel Dútske jonges dy't him ek al ris besjoen hawwe, as it kommentaar by de folgjende dia komt. ‘Dit binne se.’
Alle oare ferhalen binne ‘plaatsjes’ út de libbensgong fan Nyckle. En it liket wol as hat dat útgongspunt foar de skriuwer in ferlechje west om him net om plot en spanning bekroadzje te hoegen.
Nim ‘Libben sân’. Dat ferhaal hinget as los sân oan elkoar. Arjen is by Nyckle wei gongen, yn earsten tydlik om't er syn proefskrift skriuwe wol. Erica (Wa is dat? Wêr bemoeit se har mei? Hokker funksje hat se yn it ferhaal?) komt by him op besite om der oer te praten.
‘Hy seach har oan. De make-up op har eachlidden wie echt, mar fierder fûn er it ûnwêzentlik om mei har oer syn swierrichheden mei Nyckle te praten.’ (side 74) Wêr slacht dat tsjinstellende ‘mar’ op? Der wurdt wat oproppen dat hielendal net wier makke wurdt.
De suïside fan Hessel (in heal jier lyn) wurdt yn in ferhaal behelle, sa't it liket om oan te toanen dat Arjen lang argewaasje hie fan de toan dêr't Nyckle dat op fertelde en dat der dus mear spilet as de dissertaasje. Doe't it tillefoantsje mei it boadskip oer Hessel kommen wie, hie Arjen krekt efkes nei de winkel west. ‘Frjemd genôch om in pakje bûter.’ (side 75) Men soe tinke dat Arjen ea Hessel bûter nei de holle smiten hat, mar oer bûter wurdt neat mear sein. Dan hie huning of wat dan ek like frjemd west.
Sa mar ynienen wurdt de ‘ik’ Nyckle en is Arjen al wer by him yn 'e hûs. Nyckle fertelt neat fan Leo, dêr't er ûndertusken in relaasje mei opboud hat. As er in pear dagen letter dat der al útgoait, reagearret Arjen: ‘Ik sil dy gewurde litte, mar asto bliuwe wolste, dan soe ik dat moai [sic] fine. Ik bin by dy werom kommen om't ik útfûn hie dat ik it net better krije kin.’ (side 83) Ofsjoen fan it feit dat sa'nien der dochs drekst wer útsmiten wurde moat, is it meast fernuverjende dat foar beide dúdlik is dat Arjen no op dat plak wenjen bliuwt.
Yn oare ferhalen sitte, literêr sjoen, hiel aardige aspekten.
‘Op it eilàn’ ferrast, omdatst earst net troch hast dat it in frou is dy't it ferhaal docht. Yn ‘De oankommeling’ is Nyckle syn earste, frustrearjende seksuele ûnderfining humoristysk beskreaun. ‘Hy fage my skjin mei in blokte teedoek en brocht dy werom nei de keuken.’ (side 27) Om letter de teeleppeltsjes der wer mei ôf te droegjen, tinkt men dan, mar it is goed dat soks yn it ferhaal net sein wurdt.
De omkearing yn ‘In reager op it lân’ is nijsgjirrich. Nyckle nimt Arjen net mei nei in famyljefeest by syn âlden. Dat is better foar de famylje, hat er tsjin Arjen sein. (Mei oare wurden: de famylje is der noch net oan ta.) Mar de famylje wol neat leaver as Arjen moetsje, Nyckle sels hat alderhande beswieren. En wa net yn deselde omstannichheden?
Yn ‘Under ien paraplu’, dêr't de problematyk fan it tegearre wenjen yn behannele wurdt, komt hiel dúdlik nei foaren dat sokke problemen net allinnich jilde yn homofile relaasjes. Spitich is dat de metafoar dy't brûkt wurdt wat klisjeemjittich is: ‘In stim efter my seit: “Dat is in skelfink. Meastal binne dy tegearre, mar bytiden is der wolris ien allin-