Rinny Siemonsma, selsportret
bohémien. Hy is mar 45 jier wurden, mar wie by syn libben al in legindaryske figuer, it klisjee-foarbyld fan in keunstner yn 'e eagen fan it brave boargerdom.
Siemonsma wie in kroechrinner mei in soad ‘alkolol’ (om in útdrukking fan himsels te brûken), mar ek in yntinse natuerleafhawwer. Hij wie in frouljusgek (‘De belangrijkste vrouwen trokken voor hem de broek uit’ is in sitaat út dit boek), mar ek in wat dichterlike filosofyske figuer. Hy wie tagelyk dierefreon en streuper. Troch syn sjarme gongen oeral doarren foar him iepen, mar hy stjitte ek like maklik minsken ôf troch gefoelleazens en agressiviteit. En boppe-al wie hy yn ieren en sinen in Stellingwerver, mar fereale op Itaalje. Nei in jier ulo, in Its-oplieding timmerjen en skilderjen en baantsjes as hússkilder, bedarre hy dochs noch op de Akademie Minerva yn Grins. Dêr died er eineksamen yn ‘vrije, teken-, schilder-, plastische en grafische kunst’. Syn ûnmiskenbere talinten hat hy spitigernôch, mei troch syn libbenswize, net folslein wiermakke, de artistike beloften út syn begjinjierren nea alhiel ynlost.
Dit boek is útkommen om't de ‘Vrienden’ fan oardiel wiene dat de bjusterbaarlike ferhalen dy't noch altyd yn de Stellingwerven oer Siemonsma rûn geane, it fertsjinnen om op skrift fêstlein te wurden. Karst Berkenbosch hat party anekdoates ferwurke yn in skoandere monografy. Fierder binne der inkelde siden mei sitaten út resinsjes. De minske Rinny Siemonsma komt dochs it bêste nei foaren út in mannichte útspraken en mieningen oer him fan freondinnen, freonen, famylje en goekunde. En fral ek út de rige ‘quotes’ fan himsels oer fan alles en noch wat.
Siemonsma's artistike betsjutting wurdt myld-kritysk beljochte troch Sikke Doele, keunstredakteur fan de Ljouwerter Krante. Doele kin oer it generaal mear wurdearring opbringe foar de tekeningen as foar de skilderijen, dy't neffens him soms op 'e râne fan de kitsch balansearje. Dat hy dêrmei net ûngelyk hat docht bliken as men de swart-wyt tekeningen en de yn kleuren ôfprinte skilderijen fergeliket.
Hiel spitich is it dat de belangstelling foar dizze moaie, yn royaal formaat ferskynde monografy daliks sa grut wie - sa'n twahûndert foarynskriuwers, benammen út de Stellingwerven -, dat it boek net mear fia de normale kanalen te krijen is.