Altyd wat!
Tr. Riemersma
De befruchtsjende holder
Ik bin keunstner, gjin taalbeweger, hat neffens de Ljouwerter Krante fan 4 desimber Albertina Soepboer yn in ynterview mei dy krante sein. Foar har is dat grif in tsjinstelling, en se hat der grif ferlet fan om buorkundich te meitsjen dat se it iene àl wêze wol en it oare perfoarst nèt. Salang't Soepboer praat oer har yntinsjes, har eigen belibbing, har fyzje, har gefoelens, mei se fansels beweare wat se wol. Sokke dingen binne net objektyf fêststelber, net bewiisber en net bestriidber. It is it priveedomein dêr't elk minske rjocht op hat en dêr't oarmans miening net ta de saak docht.
In holder mei ek frij beweare dat it syn iennige yntinsje is om iten te sykjen en dat it uterstee net syn bedoeling is om noed te stean fan de fuortplanting fan goudsjeblommen. Wy sille syn miening respektearje. Mar as er seit dat er dus ek neat mei dy fuortplanting noadich hat, dan moatte wy him in tik op syn poatsjes jaan.
No is in holder in dom beest, mar Soepboer soe better witte moatte: ûnbedoelde of sels net-winske effekten of aspekten fan jins dwaan en litten hâlde net op te bestean troch se simpelwei te ûntkennen.
De kontekst fan Soepboer har wurden lit tinke dat se ien aspekt fan har wurk ûntkenne wol, nammentlik it funksjonearjen derfan yn it Fryske taalpolitike ramt en dat se in eigen respons kleemt foar har wurk dy't dan persys oanslút op har bedoelingen. Ja, mar de resepsje hawwe jo as skriuwer net yn 'e hân, dêr kediist de hele mienskip oer.
Privee mei Soepboer tinke, leauwe, bedoele en foar wier hâlde wat se sels wol. Se mei har fersen skriuwe út in bedoeling wei en nei in doel ta. Dat is har eigen saak, dêr't in oar neat mei noadich hat. Mar as se publisearret, dan stelt se in publike died. Har bondels mei fersen ferskine net yn in fakuüm of op in ûnbewenne eilân, mar yn in lytse taalmienskip dy't elke publikaasje èk wurdearret as bydrage ta de útbou fan de taal en de statusferheging fan dy taal.
It sil wier wêze dat Soepboer net foar ‘it folk’ skriuwt of om ‘de taalstriid’ te befoarderjen. Dat is sels te hoopjen, want dan soe it gefaar grut wêze dat se minderweardige streekliteratuer produsearre. Se skriuwt los fan dy Fryske taalpolitike kontekst, akkoart, mar as har bondels publisearre wurde, dan eigent de Fryske mienskip him dy bondels ta en slacht der swee mei. As jonge minsken lykas Soepboer it Frysk brûke foar har literêre uteringen, is dat in bewiis fan de libbenskrêft fan it Frysk, en as sadanich ek in bydrage ta de befoardering fan it Frysk.
Soepboer kin it wol ferfelend fine dat har wurk in rol spilet yn 'e emansipaasjestriid fan it Frysk, mar keare kin se it net. De iennige remeedzje is: net mear yn it Frysk skriuwe. Alle Fryske uteringen, net allinnich literêre, funksjonearje yn in taalpolitike sitewaasje en der is gjin tinken fan dat der foar it wurk fan Soepboer in útsûndering makke wurdt. Men kin hûndert kear roppe dat de Friezen dom en efterlik binne, oan mythen leauwe of seachmoal yn 'e kop ha, dy resepsjesitewaasje kin men net feroarje. Men moat jin der by dellizze of in oare taal kieze.