De fraach is, seit Freark Bergstra: ‘Wat docht men der oan?’
Ja, wat docht men der oan as de Fryske Beweging, of wat dêr foar trochgean moat, oantangele sit mei in twakantigens, dy't earder loyalens oan it lânsregear as oan 'e eigen ‘woartels’ ferkeapet? In twakantigens, dy't útrint op tuike-tuike en benammen en foaral op fatsoen en net-te-mâl. Ek al soe dy Beweging yn 'e fierste fierte de moed hawwe en tink oan sokssawat as ôfskieding of in fiergeande kulturele autonomy, dan noch soe de selskorreksje of de selssensuer opslach de idele hope en de boaiem út it earste sprankeltsje tinken slaan. Men is op 't lêst en alderearst boarger fan 'e Nederlànske Steat, dy't it salaris útbetellet en dy't goed stiet foar in stadich opboud pinsjoen. En dêrom net te fûleindich, en tink jin ris yn dat men te boek stean soe as ‘Frysk Nasjonalist’? Deagewoan boargermansfatsoen, men wol wat of men wol wat net, en as der twivelriedigens om 'e hoeke komt, sis dan mar louwe-loene. En nasjonalist, dat is men samar! Benammen ûnder eigen maten.
Ja. wat docht men, De Beweging, it folk der oan?
Wêr begjint men, by it twakoppige sabeare folk, dat fan in (ûn)mooglik Frysk ‘ideaal’ gjin sprút en gjin grevel hawwe moat, of by De Beweging, dy't dat ‘ideaal’ - of hoe't men soks ek beneame sil - allinne mar mei de tsjinst fan 'e fluenske lippen fan de publisitêre omgong lispelet?
Moatte de idealen fêststeld wurde troch in hyltiten tsjinakseljend folk, dat hyn ofte nei in mooglike autonomy en de ûnmooglike Fryske plaknammebuorden net iens behimmelje wol, dat him de bûsen útskuort by in Teake van der Mear en om oars nearne te ferkeapjen winterjûnenocht? Itselde folk, nee, ik hâld my foar dizze iene kear mar yn.
Wat docht lykwols de Beweging, dyselde Beweging, dy't yn namme ‘giet’ foar de ‘opstoot van het Fries in de vaart der volkeren’ en in aldernoflikst plak foar de Friezen ûnder alle besteande en net besteande planeten?
Doart dyselde beweging in Russyske skoech te meitsjen en dêr lûd, hurd en aldermâlst mei op 'e tafel te slaan en bikkelhurde easken te stellen, mei alle mar te betinken alternativen der by? Lit ik allinne de konkelefûsjes om ‘het plan Langman’ hinne bygelyks mar neame, it is in grutte gek dy't it seit...
Freark Jan Bergstra sei it sa'n foech fjirtich jier tebek al: ‘Der is neffens my de lêste tiid, al de tiid nei de oarloch, yn de Fryske Beweging in tekoart oan fundamintele trochtinking fan de problemen fan folk en Beweging, en ek in tekoart oan prinsipiële diskusje. It mei dan wêze dat dat lêste fakentiden net ta praktyske resultaten laat, ...’ (bls. 30).
Fansels, der is wèr gjin nijs ûnder de sinne en der bliuwt altiten oant amen itselde fan oer: in witten, dat it twangmjittich ferrinnen fan de skiednis, mei ûntskuldigings oan Clinton, mei de bleate tsjinst fan 'e lippen, nea fan koerts feroarje sil.
It giet der yn it foarste plak fansels om, oft in Frysktalich Fryslân - men heart De Beweging al jammerjen - in folweardich en min ofte mear fertsjinstlik plak yn 'e Europeeske mienskip taskikt kriget. En om de fraach oft soks by eintsjebeslút dòchs befochten wurde moat. No, rekkenje mar op it lêste, alhoewol't Dútslân èk begjint it Frysk op 'e lije side oan te kommen - alteast polityk -, want foar neat giet de sinne op en men rint gjin maraton sûnder blierren en wa't himsels nei gychem smyt wurdt fan in oar net út 'e goate holpen. Sa lizze de hjoeddeiske saken der no ienris