| |
| |
| |
It Fryslân fan de feroaring
Johan van der Zee
Sjoch nei it byld. Der rint in frou op 'e seedyk. By Hylpen. Se hat twa grutte sturten op 'e holle.. It is Dette Glashouwer. Har âldelju neamden har Fokelien. Doe't se noch by de o sa leauwige húshâlding hearde. ‘Fear’ en mem ûndersykje alle soarten fan tsjerken. Bin thús Nederlânsk Herfoarme, mar gean ek nei de pinkster-gemeente en as se yn Seelân op fakânsje binne nei de ‘zwartekousenkerk’. Fokelien wie krekt sa from as har âlden. Mar dat is oer. Se leaut net mear. Se is feroare.
Feroaring is it tema fan de rige dokumintêres dy't Omrop Fryslân ein foarich jier op sneintemiddei útstjoerd hat. Geert Mak syn Hoe God verdween uit Jorwerd is de oanlieding. Yn dat boek giet it oer de feroaring op it Fryske plattelân. Oan fiif lanlik bekende en aktive dokumintêremakkers is frege om mei dat tema yn 'e achterholle har fisy op Fryslân te jaan. Jos de Putter, Frans Bromet, Marijke Jongbloed, Pieter Verhoeff en Roel van Dalen ha ús ‘har’ Fryslân sjen litten.
| |
Omrop Fryslân fan de sneintemiddei.
Der bin trije soarten Omrop Fryslân: de radio, de regionale televyzje en de ‘sneinstelevyzje’. Dy lêste foldocht my it bêste. De radio en de regionale televyzje ûnderskiede har net sa fan al it oare dat troch de eter slingere wurdt. Nijs en populêr praat- en plaatwurk. By de sneinstelevyzje is ambysje te sjen. De dokumintêre spilet in grutte rol. Der is in begjin fan in Fryske tradysje op dit mêd. Ik neam in pear foarbylden: in stikmannich prachtige keunstners-portretten (Sjoerd de Vries, Bouke van der Sloot, Klaas Koopmans, Willem van Althuis), it keatsen yn Europa en de roomsken yn Fryslân.
De sneinstelevyzje fan Omrop Fryslân is der noch net sa lang. Mar de minsken dy't dêr de programs meitsje bringe it op en freegje oan oaren om yn har tiid mei dokumintêres te kommen. En net oan de minsten. Oan fertsjintwurdigers fan de VPRO-skoalle soene je sizze kinne. Want de dokumintêremakkers dy't hjirboppe al neamd binne, ha hast allegearre foar ‘Diogenes’ op paad west. De Fryske programmamakkers fertsjinje in komplimint foar it feit dat se sein ha: wy stelle in stik fan ús stjoertiid beskikber foar de fisy fan oaren, wy tinke dat ús publyk dat op priis stelle sil en wy witte dat we der sels fan leare sille. Se ha der mei foar soarge dat it ekstra jild dat foar dizze operaasje op it kleed komme moast by tredden weihelle is.
Om dêrnei wer sels oan de gong te gean en sa út en troch wat jaloersk tinke oan al dat jild dat dy kollega's wól beskikber hiene foar it selde wurk. En dan binne der ek noch in soad minsken dy't sizze: ‘Dat kin jim sels folle better.’ Want it noeget út ta fergelykjen. Wa docht it no better en wat wie it bêste fan de searje? Ik sil der ek wol net oan ûntkomme.
| |
De dokumintêre
Foar in soad televyzjemakkers is it meitsjen fan in dokumintêre sa'n bytsje it heechste wat der bestiet. It begjint meastal mei koarte reportaazjes, dy groeie út ta langere film- of fideoferslaggen en dan seit de programmamakker: no komt de dokumintêre. Dêr moat je yn alle gefallen folle langer mei oan 'e gong wêze: lang neitinke, in trochtocht senario
| |
| |
skriuwe, dagenlang opnimme op film of fideo, noch langer monteare en gean sa mar troch. In dokumintêre moat ek mear ‘lagen’ ha. It kin net samar in simpel ferhaaltsje wêze, nee der moat meardere ‘ferhaallinen’ yn sitte, sizze de deskundigen.
Der wurdt yn it wrâldsje fan film en televyzje wakker deftich praat oer de dokumintêre. Mar aldergelokst wurdt der ek genôch relativearre. Doe't de searje op it Noardlik Filmfestival yn de Harmony yn Ljouwert presintearre waard - jo kin slim fan in start prate want de earste wie doe al útstjoerd -, wiene alle dokumintêremakkers oanwêzich. Se sieten yn in foarum en gedroegen har net as de hegeprysters fan de film- en fideokeunst. Hiene in aardige diskusje oer de fraach hoefier't je dingen yn sêne sette meie foar dit soarte wurk. Frans Bromet wegeret soks te dwaan, fynt de beneaming ‘dokumintêre’ oerdreaun en hat it altyd oer reportaazjes. Dat docht ek bliken as je nei de einprodukten sjogge. It wurdt dus tiid om se ien foar ien te besprekken.
| |
Jos de Putter
Hy komt út Seelân. Makke dêr in prachtich portret fan it boerefermidden dêr't er sels út wei komt. Woe soks yn Fryslân perfoarst net wer. Hy woe wol wat mei dichters dwaan. Kaam yn 'e kunde mei Baukje Wytsma en wie ferkocht. ‘Wie in haar ogen kijkt, wil meteen een film over haar maken.’ Hy hat dochs noch trije oare dichters yn syn film talitten. Mar krekt as by Baukje hat hy hiel goed nei dy dichters sjoen. Se net út it each ferlern. Wat is oanlokliker as de moaiste shots te meitsjen fan it Raarderbosk, it doarp Reduzum, it lân om 'e Snitsermar hinne en it eilân Skiermûntseach? Hy hat it net dien. Hy is by de dichters bleaun. Hat se hast hieltyd yn byld hâlden: Douwe Tamminga foarsichtich rinnend yn it Raarderbosk, Baukje Wytsma fol fan Reduzum, Wilco Berga op syn iepenst by de Snitsermar en Abertina Soepboer op tempo oer it eilân Skiermûntseach.
De Putter kiest foar in wize fan filmjen dy't net foar de hân leit. By Albertina Soepboer rint de kameraman der wat heal achteroan. Dat leveret folle mear op as de ‘Schönfilmerei’ dy't har sûnder mis fan it iene moaie plakje nei it oare rinne litten hie. De kar foar dichters betsjut tagelyk dat der moaie dingen sein wurde. Baukje Wytsma oer Reduzum: ‘De azem fan de famylje hinget tusken de huzen.’ Wilco Berga: ‘It lânskip is fan de media wurden.’ Albertina Soepboer: ‘Taal is beweging, as it stjert dan moat dat mar.’ De Putter hat mei in taal dy't hy hast net ferstiet in dokumint meitsje kinnen. Om't hy de dichters yn har wearde liet.
| |
Frans Bromet
Hy is al jierrenlang foar de televyzje oan it wurk. As kameraman, mar ek as programmamakker mei de kamera op it skouder. Tink oan ‘Buren’ fan de VPRO. In bytsje seurderich op besite by minsken dy't spul mei elkoar ha. Noait ophâlde fan freegjen. Hy hat it mier oan it op in fuotstik setten fan de dokumintêre. Wol dat wurd net brûke. Hy giet der it leafst daliks op ôf om te reagearjen op wat hy sjocht. Dan is er ek op syn bêst.
Yn syn reportaazje, ik neam it no ek mar sa, binne de stikken oer de plysje yn aksje it moaist. Hy hat in soad opnommen. Wol tritich bannen fan in healoere. Dat is it gefolch fan it feit dat je neat yn sêne sette wolle. Mar je fiele it wol. As de plysje achter ien oan sit dy't net al te wis riidt en flak neidat it rydbewiis opfrege wurdt komt der in oprop om earne oars hinne te gean en de plysje hâldt fuortendalik
| |
| |
Regisseur-kameraman Frans Bromet op reportaazje by de Fryske plysje. (foto HN/Jaap Schaaf; argyf Omrop Fryslân)
mei it ûndersyk op, dan wit je dat hjir neat betocht is.
Dat wurdt oars as der in plysje yn Mantgum op 'e strjitte stiet of as Bromet by âldplysje Bosma yn Ljouwert op besite is. Yn it lêste gefal liket it der sels wol op dat hy de kamera op statyf set hat. It is dan folle statysker wurden. Mar ja de opdracht wie wol om de feroaring by de plysje sjen te litten en dêrby wiene dizze útstapkes nedich. Mar as blau yn beweging wie fûn ik it it moaist.
| |
Marijke Jongbloed
Sy komt út Hallum. Woe yn Moddergat yn alle gefallen by de koster-deagraver lâns. Om't dy fan Hallum sa goed op 'e hichte wie fan de feroaringen yn it doarp. Dy fan Moddergat seit yn 'e film: ‘Do sjochst hast gjin mins mear.’ It liket net bêst mei syn takomst. Mar de minsken dy't der noch binne meitsje mei Marijke Jongbloed fan ‘Moddergat bûten de skepping’ in prachtich portret fan in doarp. Of leaver fan de minsken yn in doarp dy't de
| |
| |
feroarings yn de tiidgeast sels meimeitsje. Neat gjin ‘Kuifje in Moddergat’ sa't de Ljouwerter Krante yn 'e kop sette.
Jongbloed hat wol fan te foaren betocht wat se allegearre sjen litte woe, hat dat letter allegearre wer feroare, mar wat oerbliuwt is in moai opboud byldferhaal. Je komme as bûtensteander yn it doarp oan en as je fuortgeane dan ha je field hoe't in pear minsken út Moddergat de feroaringen om har hinne ûndergeane. De poerlilke Teade Basteleur oer de diktaten fan de miljeubeweging, folslein himsels dêr op 'e dyk en letter thús by it bidden foar it iten. God liket út Moddergat noch net ferdwûn te wêzen. De fiskers binne der noch altyd. Alde dy't no oan de kant steane en har ek besauwe oer de regels dy't der no allegearre binne.. ‘Fiskjen is gjin wurk, it is in manier fan leven’, seit ien fan de jonge fiskers dy't opknokke moat tsjin it feit dat de lytse man altyd oanpakt wurdt.
Dat allegearre yn in prachtich dekor, want wat wolle je as filmer noch mear as it waad mei dy loften en fierten. It wiene net allinnich de ferhalen, mar de wize dêr't de minsken op yn byld brocht waarden, de ôfwikseling fan dy bylden, de oergongen dêrtusken en it ritme fan dy bylden, dy't dúdlik makken dat dokumintêremeitsjen ek in ‘manier fan leven’ is.
| |
Pieter Verhoeff
De filmmakker fan 'e Lemmer. It bêst bekend fan in oar sjenre as de dokumintêre. Fan de spylfilm. ‘Dettes memmetaal’, syn bydrage oan de rige, sit fol fan dramatyske mominten. It is it ferhaal fan ien frou. En net samar in ferhaal. Jan Wolkers en Maarten 't Hart hawwe it allegearre al in kear ferteld. Fan it fine fermidden nei de grutte wrâld, as ik it yn in pear grutte halen ûnder wurden bringe mei. Verhoeff hat dat gelokkich net dien. Is ticht by de famylje bleaun, by Dette, by har mem, har broer en ek by har heit dy't der net mear is.
Dettes taal, it Hylpers, past dêr moai by, mar it giet der úteinlik net om. It is it ferhaal fan in frou dy't dúdlik sjen litte doart hoe't se út 'e Hylper winkel fia Youth for Christ yn in oare wrâld telâne kaam. Mar wol hieltyd harsels bleau. En net ien kear it ferline fuorttrape. Moai dat Verhoeff dat dramatyske ferhaal oandoarst. De goede eleminten oandroech om dat ferhaal fan feroaringen te fertellen.
Spitich dat hy der sa trochhinne prate. Dette Glashouwer is sa'n ekspressyf mins, dy kin je it ferhaal allinne fertelle litte.. Soe it de ûnwennigens wêze fan de filmmakker, dy't werom by de dokumintêre wer de rol fan ynterviewer spylje wol? Hy hâldt him aldergelokst stil as mem net seit dat se grutsk op har dochter is. En úteinlik ek as Dette seit dat se hopet dat har mem nochris feroarje sil..
| |
Roel van Dalen
Hy is gjin Fries. Hat de lêste tiid in soad dingen dien op it mêd fan de medyske soarch. Socht yn Fryslân syn heil by de Nieuwe Dockumer Courant. Seach troch de eagen fan de trije man dy't dy krante meitsje nei de feroaringen yn Noardeast Fryslân. As in streekkrante har wurk goed docht sitte se dêr boppe op alles wat der yn de streek bart. Dat die ek bliken. Fral doe't dúdlik waard hoe't de trije redakteuren oan de Dongeradielen en har krante ferslingere wiene.
Van Dalen begjint dêr mei opsetsin mei, mar brûkt dy kranteminsken dêrnei tefolle yn syn opset. Sy binne dan net langer de kranteminsken fan de Dockumer, mar mear de pionnen yn it ferhaal fan Van Dalen. In ferhaal fan it plattelân mei al syn problemen. De boer dy't ophâlde moat, in nij inisjatyf om mei in
| |
| |
nij doarp de boel út de nederklits te heljen. Jorwert yn Dongeradiel. Mar it fleis en it bloed fan it boek fan Mak ûntbrekt. It ferhaal fan it nije doarp is prachtich, mar it wurdt allegearre wat keunstmjittich nei foaren helle. De ferslachjouwer by de plattelânsfroulju, it ferhaal fan Willem Meerdink dêr, dy't dan letter wer op 'e dyk nei foaren komt en de reaksje fan de deputearre dy't tafallich oan it trimmen is. Roel van Dalen set de Dockumer Courant nei syn hân. Want hy moat yn fjirtich minuten fertelle hoe't Noardeast Fryslân feroaret.
| |
Mak en de makkers
Feroaringen yn Fryslân. Dêr gie it om by dizze searje. It boek fan Mak wie dêrby de bibel. Ha de dokumintêremakkers har dêr oan hâlden?
Ja. Om't dokumintêremakkers har altyd mei feroaringen dwaande hâlde. Statyske sitewaasjes bin net nijsgjirrich. Elke dokumintêre giet oer feroaringen. Dizze searje is dus net nij. It giet hieltyd wer om minsken: wa binne sy, wat dogge se en hoe fiele se har by de feroaringen dy't de tiid meibringt.
Geert Mak hat dat op in treflike wize yn syn boek nei foaren brocht. Hy helle der minsken by. Minsken mei har ferhaal en mear noch mei de emoasje oer dat ferhaal.
| |
De fergeliking
Mak hat in soad yn beweging brocht. Hy hat it plattelân beskreaun as wie it sjoen troch de eagen fan de minsken dy't dêr wenje. Dat sprekt oan. Identifikaasje.
By de dokumintêres helpt it ‘Makgehalte’ my by de fergeliking. Hoe mear as ik my mei de minsken ferbûn fiele kin, hoe mear as it my oansprekt. De dichters fan De Putter komme moai út de ferve, mar ik bliuw in taskôger en noch mear in taharker, by Bromet moat ik laitsje om de mominten dy't betrape binne, by Pieter Verhoeff is de identifikaasje der wol, de fassinaasje troch Dette dy't dat allegearre meimakke hat, mar Verhoeff stiet der te faak tuskenyn mei syn gepraat en by Van Dalen sjoch ik tefolle de opset fan de programmamakker. Marijke Jongbloed wint it dus by my. Ik sjoch, hear en fiel minsken.
En fierder giet Omrop Fryslân op de sneintemiddei gewoan troch.
De sneins nei de seary stie daliks al wer in ‘dokumintêre’ oankundige. It gie oer it bedriuw dat aanst op it Hearrenfeanster Megapark it grutte wurkgelegenheidsprobleem oplosse sil. In goed sjoernalistyk stikje wurk. Mar gjin ‘dokumintêre’. Moai dat it mearke fan mear wurk mei beide fuotten op 'e grûn kaam te stean. Bestjoerders dy't har probleemgefallen foar in freonepryske oanbiede oan Amerikanen dy't lak ha oan ús sosjale systeem.
Aktualiteiteprograms neame dit soarte fan programs ‘reportaazjes’. Hjir en dêr wat byldfragminten, mar foar it greatste part ‘talking heads’, minsken dy't yn in statysk byld har ferhalen fertelle. De mooglikheid foar identifikaasje wurdt dan folle minder.
As ‘dokumintêre’ in earetitel is, dan hearde dy oer SCI der net by, mar in pear ófleveringen fan de seary ‘It Fryslân fan..’ wol (Verhoeff en Jongbloed) en faak genóch ek de programs dy't de sneinsôfdieling fan Omrop Fryslân útstjoert. Mar dat hie ik yn it begjin al dúdlik makke.
|
|