| |
| |
| |
Wilco Berga
It kanaal
Dêr leit de brêge, ûnder skiere loft
in slomjend dier dat him de rêch spant
in fraksje fan 'e dei de siken ynhâldt.
Langer farre lompe aken troch it eachweid
- stadich komt it, stadich giet it,
samar is de weach foarby.
Te gau moat men berêste yn it ôfskie
fan it disellûd, it brêgedek giet del en
gau in groet, de hân boppe de eagen.
Hoe faak as se de hân opstekke op
it skip mei sân, it skip mei hout,
hoe djip as 't giet mei net te kearen gong,
en sa fertroud yn it foarbygean.
De kontoer fan wer in skip dat ûnder
skiere loft, it ljocht op grien, de weagen
samar by de wâl op jaget.
Sa lang as men de siken ynhâldt, giet it
beide kanten út, beide kimen kin men hinne.
Oant it brêgedek wer del komt, hearst
it stadich weistjerren, gau in groet.
| |
| |
| |
Ik gean op bêd
Ik gean op bêd mei in kop fol bylden,
en ja, op seis wurdt diskusjearre oer de maat
fan fibrators, trepleas foar ien hân,
struktuer en kleur spylje net swak by
yn 'e presintaasje, glossy docht it goed,
mei de kop fol Long Life sliept it noflik
De stêd falt yn sliep, wurdt der songen
Ik gean op bêd mei in kop fol fleurige
akkordeonmuzyk en wiisheid fan in wrede ieu
dy't ôfrint as in wurge klok, gjin tiid mear om
jin op te winen oer de loft fan hjoed - sa
ôfgryslik blau at dy wie - moarn is 't
wer in oar ferhaal dat de tinzen kleur jout
I'm coming! I'm coming! wurdt der songen
De stêd sliept, djipper sliep as men beskriuwe kin.
Wat sil 'k dan noch te earmoedzjen as der moarn
wer wit hoe folle dichtersfolk fan bêd komt
Myn keamer leit net op it Easten
Ik gean op bêd mei in kop fol izer en
Betonstiel FEB500 HWL, by kwantumôfname
Op 'e oare side sliept it lichter, minder krimp
by 't laskjen fan jins dream,
en gjin lêst fan laseagen by 't lemieren
| |
| |
Okee, se besjonge de sliep al yn hûndert talen
En nee, ik haw it oer de dichtersdream:
Koarte Kursus Suksesfol Frysk Ferseskriuwen
a - imitearje de gedichten fan Dylan Thomas, draach it foar as in Dylan Thomas, sjong it sêft, sjong it lûd.
b - of imitearje it wurk fan ien dy't D. Thomas imitearret
c - lit it flink alliterearje
d - en sis noait dat tekst of toan fan D. Thomas is, oars fergiet it jim as René D. of Adriaan fan D.
Mei in kop fol fersen fan 't ferline, flean ik, fjurrich
as in fôle, ik, dy't yn 'e fûgelflecht fan feart nei feart
ferwaaide, saaide fermomme op 'e fierten ta, dy't,
lykas ik, fersillen yn 'e fal fan flechtich fjoerwurk
Okee, ik gean op bêd mei in kop fol hout, in hutte
ta beskûl foar as 't wat minder giet, of noch better:
ik ferbliidzje mysels mei in iken flier, of mahoany of laminaat,
moarns even opwriuwe mei 't flanellen himd, en
op sokken fljocht it alle kanten út, wa wit de goeie
En ja, dy glossy dream, it sjongt mar troch:
jo nije paradys leit op 'e moaie mar,
moai is de reidsang, Long Life is it liet,
moai binne de wite skippen dy't fol mei moaie
froulju fan 'e iene moaie wâl nei de oare brûze
ûnder moai Fryske wolken. O, dat skom!
Ik jou my del, ik jou my oer, ik gean op bêd.
|
|