yn 'e lêskommisje fan 'e Koperative Utjowerij sitte en dy't wol fine dat it wurk fan Feddema klasse hat.
Of soe 't sa wêze kinne dat wurk wat de ‘commissie’ net folgje kin sûnder pardon in ‘negatyf’ oardiel meikrijt rjochting Fûnsbestjoer? Har (de)motivearring wiist dy kant wol út.
Wat ik net goed rymje kin is it feit dat de bondel útjûn is mei stipe fan it Nederlands Literair Produktie-en Vertalingenfonds. Foar dy har kommisje wie de bondel blykber goed genôch om ferskine te kinnen. Lykwols blike de fersen fan Feddema nei publikaasje foar in oare (sub)kommisje kwalitatyf net goed genôch te wêzen foar in ‘aanvullend honorarium’.
Foar de subcommissie sil it debút fan Anne Feddema bijskreaun wurde as in net honorearre fuotnoat by de Fryske letteren. Mar poëzij-fernijing lit har gelokkich net opkeare troch klerken en ‘adviseurs’, dat mei foar Feddema in skrale treast wêze!
It berop dat de dichter tsjin it beslút oantekene hat makket neffens mij gjin inkele kâns sjoen de jurisprudinsje yn fergelykbere saken. Sa waard koartlyn it berop dat byldzjend keunstner André van der Linden yntsjinne bij it Fonds voor Beeldende Kunsten, Vormgeving en Bouwkunst troch de Ljouwerter rjochtbank ófwiisd. Van der Linden syn oanfraach foar in basisstipendium waard neffens de rjochter terjochte net honorearre. De rjochter motivearre it beslút fan de advyskommisje sa: oan it advys fan (sub)kommisjes kinne ‘slechts beperkte motiveringseisen worden gesteld’, omdat it giet om ‘de objectivering van naar hun aard subjectieve oordelen die zich niet licht in woorden laten (samen)vatten’. It giet der neffens de rjochtbank om ‘dat de aanvrager enigermate inzicht wordt verschaft in de gedachtegang die eraan ten grondslag ligt.’ En dat is bij Feddema al bard.