Net Daan mar Daal
Yn myn stik oer de Fryske iepenloftspullen yn it foarige nûmer haw ik in grouwélige flater makke. Yn de lêste sin skreau ik: ‘Dy Stellingwerf lit de Wouter Daans fan dizze wrâld fier efter him.’ Spitigernôch doch ik Wouter Daan dêrmei behoarlik tekoart.
Ik bedoelde Andy Daal as pars pro toto foar de beropsregisseurs dy't ik minder fyn as Pieter Stellingwerf en dus nèt Wouter Daan. Nim my net kwea-ôf Wouter!
Mar ik moat noch fierder gean. Sûnt it sjen fan Dea fan in hannelsreizger soe ik de namme fan Andy Daal ek net mear neamd ha.
Ik folje hjir dus mar gjin inkelde namme mear yn. Ik bliuw lykwols by ien ding: Tryater mocht Pieter Stellingwerf wolris in kâns jaan.
Hannah Ludwig