De kritikus yn in ivoaren toer? (6)
Verschans je achter een muur van boeken, blijf ver van recepties, presentaties en schrijverscafé's en scherp je pen aan de literatuur.
Jaap Goedegebuure by syn ôfskied as kritikus fan it wykblêd HP/De Tijd.
Jaap Goedegebuure wol mei dit advys sizze, dat in kritikus him net mei de skriuwers en de skriuwerswrâld bemuoie moat. De literatuer, dêr giet it om. Dat lêste kin ik mei him lykfine. As kritikus hoecht men jin allinne mar om 'e literatuer te bekroadzjen, wa't de skriuwer is, wat dy docht, oft dy al of net aardich is, al of net troud is, al of net ta is oan in wurdearringswurd, docht der hielendal net ta. Mar, wol dat sizze dat in kritikus mar net nei skriuwersfeesten ta gean moat, dat er him yn syn studearkeamer opslute moat en de slokjes en de flaubiten fan 'e resepsjes him ûntkomme litte moat? Nee, dat leau ik net.
In kritikus kin bêst nei literêre byienkomsten ta gean, sûnder him beynfloedzje te litten by it skriuwen fan kritiken. In oardiel oer in wurk fan in foar him bekende skriuwer hoecht hielendal net subjektiver te wêzen as wannear't de kritikus der gjin aan fan hat wa't de persoan achter it wurk is.
It slypjen fan it poatlead oan 'e literatuer kin dus hiel goed tagelyk mei it ûnderhâlden fan kontakten yn 'e skriuwerswrâld. As de kritikus mar yn 'e gaten hat dat de persoan en it wurk twa binne en dat hy allinne mar wat mei it wurk te krijen hat. Kritisy dy't dat net troch hawwe, moatte harsels ôffreegje oft se de pinne net better dellizze kinne.
Pieter Duijff