De kritikus yn in ivoaren toer? (5)
Wat is in resinsint sûnder skriuwers?
In kritikus dy't him opslút yn in ivoaren toer mei muorren fan boeken, dy't út 'e hichte wei delsjocht op resepsjes, lêzingen en skriuwerswykeinen. Sa'n kritikus mist in soad. Hy mist buorrels en hapkes, en net te ferjitten nijtsjes en rabberijen.
Nee, wat my oangiet, sa no en dan hâld ik graach yn Frysk-kulturele fermiddens ta. En op it skriuwen fan resinsjes hawwe de kontakten mei dy rûnten gjin ynfloed. As resinsint gean ik nammentlik net it debat mei de skriuwer oan, mar mei dy syn/har boek.
Sa't in boek al skriuwendewei ûntstiet en de pinne mei de skriuwer oan 'e haal giet, sa sawat giet dat ek mei kritiken. Al skriuwendewei en yn wikselwurking mei de tekst ûntstiet it besprek. De skriuwer fan it boek stiet bûten dat proses. Syn miening of reaksje is op dat stuit net fan belang en dêrnei is it te let.
Sadwaande skerpje ik myn pinne yndie oan 'e literatuer. Mar mysels opslute yn in ivoaren toer? Dêr is de Fryske ‘grachtengordel’ mei al syn buorrels en hapkes, nijtsjes en rabberijen fierstente gesellich foar.
Babs Gezelle Meerburg