- foar yn 't spier wie. De politikus en sjoernalist besteane nêst de dichter. Mar it binne dy twa, dy't inoar bite, of leaver sein: it is de mienskipsman yn Schurer dy't de yndividuele lyrikus ûnderúthellet.
‘To be forced to be political is to be forced to lead a dual life. Perhaps this would not matter if one could conciously keep them apart and know which was the real one. But to succeed at anything, one must believe in it, at least for the time being, and only too often the false public life absorbs and destroys the genuine private life. Nearly all public men become booming old bores.’ - skriuwt de dichter W.H. Auden as er de publike rol dy't er yn Ingelân wûn hie droan jout, lykas syn polityk engaazjemint, ûnder mear mei it marksisme, om him dêrnei inkeld te wijen oan it suvere, yndividuele keunstnerskip.
Schurer hat dy kar nea net makke. De politikussjoernalist en de dichter rekken meiïnoar yn 'e tiis. It resultaat dêrfan hat west dat er himsels as dichter min ofte mear korrumpearre. En hy moat dat witten hawwe, sjoen syn fers ‘Genôch’ yn Vox Humana (1949): ‘Altyd mei kommentaren klear / by blidens en by triennen / tenei bin ik gjin dichter mear en hâld myn wurden binnen.’
Schurer betrout yn syn letter wurk wat langer wat mear op syn ambachtlike kinnen. Bêst genôch, mar syn dichtsjen ferwurdt dêrmei bytiden ta in keunstke, sa fan halleluja al wer in kwatryn; ynstee fan te fjochtsjen foar nije foarmen is der earder sprake fan dogmatysk knibbeljen foar al bewende foarmen. As er as ‘alom gevierd hoofdredakteur’, wat dôf lykwols foar de ynfloed fan de geskriften fan Camus, Sartre en oare eksistinsjalisten op in generaasje jongere skriuwers, dan ek nochris de te Greonterp omhúsmanjende skriuwer G.K. van het Reve it leksum lêst wylst er yn dy dagen ek Tr. Riemersma te plak set, dan is er foargoed yn it stadium bedarre fan de fingerwizende ‘booming old bore’.
De oerâlde fraach dy't Horasjus al stelde, wie: Wat moat keunst c.q. literatuer wêze: praktysk ynformearjend of ferdivedearjend? Binnen dy klassike opposysje is der oan 'e iene kant de maatskiplik belutsenens, mei alle didaktyk, etyk en moraal dêrneffens, en oan 'e oare kant de skientme, om der ris sa'n smoarch wurd om te sizzen, ynbegrepen it groteske, it net-ferwachte en wat guon boargers miskien wol it lilke en it goare neame. As tredde kategory kin dêr, of leaver sein, moat dêr de suver autonome estetyk oan tafoege wurde en dan giet it om de suver sensuele en formele kwaliteiten fan in gedicht, in skilderij of in stik muzyk.
Wat de lêste kategory oangiet, docht him by Schurer wat eigenaardichs foar. Yn ‘De bining forbritsen’ (1946) keppelet er de Beweging los fan de Literatuer. De Fryske skriuwer hoecht tenei net mear te kneppel slaan foar it heil fan Fryslân. De skriuwer kin him tenei útlizze op syn eigen persoanlike estetyk. It nuvere, en miskien ek wol it tragyske fan Fedde Schurer is dat er sels noait oan de kategory fan it suver autonome gedicht ta kommen is.
Schurer syn wurk is dat fan in ‘forsearre dichter’ dy't fan twa wâlen friet. It is it wurk fan in