Sjoerd Bottema of de risiko's fan de satire
Jabik Veenbaas
Sjoerd Bottema, Neaken as in ierdbei.
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1998. 152 siden. f 23.50.
De humor hat yn 'e nei-oarlochske Fryske literatuer in frij rike tradysje. Dat hat miskien te meitsjen mei it feit dat de Frysktalige yntellektueel al sûnt lang opgroeit yn in plattelânsfermidden en dêrnei syn oplieding en stúdzje folget yn in stedsfermidden, faak sels foar in part bûten Fryslân. Wannear't er de stap bûten it doarp setten hat, kin er mei distânsje sjen nei it doarp mei syn doarpske kultuer, syn beheinde eachweid, syn bekrompenheid.
It hat wierskynlik ek te meitsjen mei it feit dat de Fryske literatuer nei de oarloch sa neidruklik ôfstân nimme woe fan de bining mei folk en mei Fryske beweging, mei it folksaardige, mei de truttichheid fan de streekroman, mei it Frysk-om-it-Frysk. Dat feit joech de Fryske literatuer syn doarpskrityske satire, sa't we dy kenne op alderhanne nivo's; út it wurk fan Riemersma, Van der Leest en Van der Velde. ‘Wy tankje Jo, Heare, dat it hjoed snein is en moarn moandei en net oarsom, want dan hiene wy no mei dit suterige waar oan 't wurk moatten,’ hearre we de dûmny út Minskrotten rotminsken sizzen.
Yn dy tradysje moatte we ek it wurk fan Bottema besjen, dy't yn 1994 debutearre mei It fertriet fan dokter Kildare, in boek dat oer it algemien loovjend ûntfongen is en troch ien resinsint sels ‘likernôch briljant’ neamd waard. Dat oardiel liket my nochal oerdreaun. O grif, It fertriet hat syn fertsjinste; it is skreaun yn in bytiden kompakte styl, en it tsjûget fan in beskaat kompositoarysk talint. Mar as gehiel bliuwt it boek bliuwt my te folle hingjen yn in healslachtich kompromis tusken satire en earnst, sadat de earnst net werklik tragysk wolle woe, en de satire net echt geastich.
Yn Neaken as in ierdbei, syn twadde boek, dat fan 't jier ferskynde, slipet Bottema op 'e nij de messen fan 'e satire, en soks yn dûbelde sin. Foarearst begekket er, lykas yn syn earste boek, minsklike swakheden en dan beleaven Fryske doarpslytsichheden. Mar dêrneist nimt er yn it twadde ferhaal, ‘In boer dy't stjert’, ek de satiryske wapens op tsjin in literêr wurk, nammentlik de út 1914 datearjende koarte novelle De boer die sterft fan Karel van de Woestijne. Boppedat brûkt Bottema sawol yn it earste as yn it twadde ferhaal eleminten, benammen technyske eleminten, út Under Milk Wood, in harkspul fan de Welske dichter Dylan Thomas dat syn earste folsleine radioútfiering belibbe yn 1954.
It earste ferhaal, ‘Brieven fan de widdo’, is nei myn idee it swakste fan de twa. It fertelt ús oer