Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 301]
| |
Mij de skynIn kritikus dy't foar in krante of wykblêd skriuwt, is der foar de lêzer, net foar de skriuwer. Hy moat as beropslêzer de lêzers sa earlik mooglik foarljochtsje, en dan kin er him mei dy hieltyd swierder wurdende muorre fan boeken fan Jaap Goedegebuure skoan rêde. Wat langer ûnderfining, wat breder panorama, wat mear ûnderskiedingsfermogen, wat mear each foar ferskillende smaken. Om it grutte ferskaat oan boeken om reden fan aktualiteit sa gau mooglik besprekke te kinnen, sykje guon redaksjes fan kulturele suppleminten foar elke smaak in kritikus. Dat fertribelet foar de lêzers wol it sicht fansels. Ik sels bg. hâld graach fan ien kritikus dy't de piketpealtsjes foar my yn 'e grûn slacht. Dan witte jo wat jo oan him hawwe. (It mei dúdlik wêze dat oeral wêr't ik it oer hy, him en syn haw, ek sy/hja en har lêzen wurde kin!) Yn it ‘Fryske wrâldsje’ sit men op elkoars lippe (krekt as yn de Amsterdamse ‘grachtengordel’ oars). It falt in kritikus lestich om syn skriuwers te ûntrinnen, of hy moat himsels yn in ivoaren toer opslute. Doe't it skriuwersrûntsje noch lytser wie as no, wie it hiel gewoan dat skriuwers elkoars kritisy wiene: sjoch de good old Tsjerne der mar op nei. Dêr besprieken soms de redakteuren elkoar. Mei-elkoar hâlden se de Fryske literatuer oerein. No't de rûnte grutter is en wy wolle dat de Fryske literatuer foar fol oansjoen wurdt, moatte wy dêr, as it heal kin, net nei werom. Ik pleitsje net foar de ivoaren toer. Mar it soe foar de suverens wol goed wêze as kritisy - en de redaksjes - foar harsels in dúdlike grins lûke. Dat wol sizze: gjin boeken fan freonen en goekunde besprekke, gjin skriuwers ynterviewe fan wa't men letter ek de roman of de dichtbondel besprekke moat; net yngean op ‘vernissages’ fan útjouwers en by sokke gelegenheden alhielendal nèt it wurd fiere, al binne jo noch sa te sprekken oer it wurk fan de auteur. Just omdat jo der sa oer te sprekken binne, moatte jo dat mar oan in partidige feestredenaar oerlitte. Al hawwe jo fan josels it gefoel sterk yn 'e ûnôfhinklike skuon te stean, der binne altyd lêzers dy't dat net leauwe wolle. Dus: mij alle skyn, en wês net oates en toates. Jan Wybenga dy't jierrenlang foar de LC boeken besprutsen hat, hie foar gewoante syn oardiel foar ‘toetsing’ foar te lizzen oan de skriuwers. Hy skille se deagemoedereard op en lies syn konsept-resinsje foar, faak ek noch nei earst telefoanysk ynformaasje ynwûn te hawwen oer bepaalde aspekten fan it wurk, dy't him yntrigearren. Guon skriuwers fûnen dat plezierich, | |
[pagina 302]
| |
oaren fielden har ûngemaklik. Ik haw Jan wolris ferge op dy dochs wol tige ûngebrûklike wurkwize. It kaam fuort út ûnwissichheid: hy woe himsels op dy manier foar flaters behoedzje. As it om feitlikheden giet, kin ik it my yntinke. Om jins ynterpretaasje yn 't foar te hifkjen oan de bedoelings fan de skriuwer, giet my lykwols te fier. Men kin jins foarljochtsjende taak ek oerdriuwe. Pieter de Groot | |
Ik wol my de wille net ôfnimme litteMen hoecht net in ôfstudearre literatuersosjolooch te wêzen om te beseffen dat de persepsje fan in wurk beynfloede wurdt troch de manier wêrop 't oer in wurk praat wurdt. Aidan Chambers hat twa boeken skreaun oer lêsbefoardering en syn boadskip is ienfâldich gear te fetsjen: lit minsken asjeblyft mei-inoar prate, hottefylje, kletse, harsenskrabje, eamelje en leuterje oer boeken, want dan begjinne se dy boeken te lêzen. En as rabjen oer in skriuwer it lêzen ek stimulearret, lit besikers fan literêre gearkomsten har plicht dwaan en rabje. Giet in besprekker oars om mei it wurk fan ien dy't er ken? Ek dat moat hast wol sa wêze. As jo op ien of oare manier ekstra ynformaasje ha, is jo referinsjeramt oars, en dat hat gefolgen foar de ynterpretaasje fan en de wurdearring foar in literêr wurk. Komt it foar dat in resinsint it wurk fan in befreone skriuwer positiver beoardielet as it wurk talit? Miskien, mar de resinsint soe syn freon dêr gjin goede tsjinst mei bewize. Echte freonen doarre inoar te melden wêr't it op stiet. Binne der resinsinten dy't it wurk fan oaren negativer beoardielje omdat se noch wat lyk te meitsjen ha? Grif, mar sokke resinsinten bewize dêr harsels gjin goede tsjinst mei. De miening fan sokke ûngeleide projektilen hat men ommers op in pypfol. Rankune is in maklik te werkennen emoasje. Men kin jin yntinke dat der nochris in echt ûnôfhinklik literêr tydskrift oprjochte wurde soe en dat de redaksje yn neifolging fan Jaap Goedegebuure syn resinsinten ferbiedt kontakten te ûnderhâlden mei oare minsken út it Fryske literêre sirkwy. Foar sa'n redaksje soe ik gjin boeken besprekke kinne. Ik kin my net yntinke dat sa'n dekreet de kwaliteit fan de resinsjes ferheget en ik wol my de wille fan it bepraten en beouwehoeren fan auteurs en har wurk net heal ôfnimme litte. Folkert de Jong |
|