ûnopfallend mooglik te sizzen, mar ik ha jo wol heard. Ik ha in hiel skerp ear. Dat bedoel ik no. Hiene jo gjin tankewol sein, wie der neat te rêden. Mar nee, jo moasten wer sa noadich en jouwe dêrmei dy auto wol sa'n lading. Kin ik hielendal net oer. Jo ferplichtsje my troch foar dizze spontane gift te bedanken. Hoe achteleas ek, jo lûke dêrmei de ferhâldings skeef. Mei sa'n smychterich betankje lûke jo de macht nei jo ta. Jo meitsje my op in lege manier ôfhinklik fan jo. En it slimste is noch wol dat jo je totaal net bewust binne fan jo machtsspultsje.
Foar jo is dat grif normaal, alle dagen spylje jo dit spultsje. As soe ik my ûnderdrukke litte moatte. As sit ik op kadootsjes en betankjes te wachtsjen. Moat ik my dêrnei befruchtsje litte, tink?
Helje jo je mar neat yn de holle, it is my echt net om mear as ien nacht te dwaan. Ik ha al lang in man, wat tochten jo wol net. Ik nim jo mei nei hûs, miskien dat wy earst ergens wat ite moatte, en moarntemoarn is it bye bye, swaai swaai. Ha, as soe der mear ynsitte.
Watfoar wurk ha jo? O kompjûters, begryp ik neat fan. Ik tekstferwurkje, by de gemeente. Dat kin ik dan wer wol, mar dy dingen sels, nee. Gjin ferstân fan. Mar ik wol my der best ynstoarte, hear. At it noadich is.
It kin noch best goed komme. In krisis is der foar it oerwinnen. Wy hoege it net samar sitte te litten by de earste moeting. It giet hjir allinnich mar om ôftaasten, gjin reden om it swierder te meitsjen. En it kin ek sa maklik, goedmeitsje. Jo kinne my wol in drankje oanbiede, net? Ik drink konjak yn ditsoarte gefallen. Net omdat it djoer is, mar ik bin no ienkear in prinsipemins. Datsoarte trúkjes makket de omgong mei oaren stikken nofliker. Dy prinsipes fan my binne net dogmatysk, absolút net. Ik krij in konjak fan jo, ik betankje jo net, jo dogge dat om de sfear wer wat goed te krijen. Ik foar my, ik akseptear de konjak, ik bin gjin hûn. Ik bin net op in sêne út, tankewol. Ik fernederje dêrmei mysels net, mar ik ha gewoan wat oer foar freonskip. Wy moatte it meiïnoar roaie, no. Nimmen en jaan, sis ik altyd mar.
Ik kin sels wol konjak betelje. Drekst al hielendal, ús mem leit op stjerren. Kwestje fan dagen. Ja, no lústerje jo wol wer, hin. Jo hearre jild? Ach wat, belangstelling. Jo kinne ús mem net iens. In sekreet, dat is it. Mar at it safier is, krije jo ek konjak fan my. Alle dagen, at jo wolle.
Diele is belangryk, ik hoech it net allegear sels te hâlden. Ik sil it jo bewize, ik sil mei jo diele. At jo no dan wol in pilske krije kinne?
Jo begripe der noch altyd neat fan. Tekenjend. Earst aksepteare jo myn kado net, dan wolle jo my ôfkeapje mei in luzich konjakje, dan is de jacht iepene op myn jild, dêrnei bliuwe jo yn dat destruktyf gedrach hingjen. Sjoch ris nei jo nonferbaal gedrach, dat seit alles. Jo liif stiet hielendal spand. As tochten jo dat sa'n pak in harnas is?
Hee, ik ha it tsjin jo, hear. En no draaie jo je mar even om, ik sprek jo oan. Dit akseptear ik net. Ja, ik leau best dat jo net mear mei my prate wolle. Jo ûntwike josels en dat kin ik my best yntinke. Altyd pesten mei dy earen, fansels. Jan Flap. Oal-