Altyd wat!
In ferfallen stasjon
Tr. Riemersma
Piter Boersma hat by de ‘bewegers’ op besite west. Wie dat no wol snoad? Yn myn jonge jierren haw ik de ‘beweging’ ûnderfûn as in ferstikkend fermidden. De lju gunden inoar it ljocht yn 'e eagen net en ynstee fan inoar te ynspirearjen, trapen se inoar yn 'e weaze. Dy dûmny doogde net, want hy hie in berop nei ‘Hollân’ oannommen, dy skoalmaster wie dan wol foar it Frysk, sa't it hiet, mar hy prate yn 'e hûs mei syn frou Hollânsk. De ‘beweging’ ferkettere alles en elkenien en smoarde yn 't foar elk ynisjatyf. Ik ha noait in synjaal opheind dat it sûnt oars en better wurden is. Piter sil nei trije ynstjoerde stikken ek wol witte wat de ‘beweging’ is: in ploechje minsken dat him skriklik miskend fielt om't de emansipaasje fan it Frysk him foltrutsen hat bûten de ‘beweging’ om.
Ik wol mysels bêst ‘beweger’ neame, want ik sjuch it graach wat rumer. Elkenien dy't bygelyks tsjin syn oarehelte ropt fan: ‘Akelige trut/kloat, sakje yn 'e stront’, is by my in ‘Fryske beweger’, want hy befoarderet it Fryske taalgebrûk. Ik jou ta, it hat net folle doel om jin sa besjoen noch eksplisyt as ‘beweger’ oan te tsjinjen, want dan binne fierwei de measte Friezen ‘bewegers’.
Dochs is dit minder flau as it liket. Dat it Frysk libbet as in hert is net te tankjen oan dy healwize ‘bewegers’ dy't op útsloerde boppesealen sieten en sitte te swarren en swetsen, mar oan 'e deagewoane Friezen dy't de taal oan har bern trochjûn ha en trochjouwe en dy't har net ferbrekke yn in gearkomst of winkel.
Ienris wie dy ‘beweging’ miskien - mar dat hat dan fier foar myn tiid west - in foartounimmend selskip. De ‘beweging’ fan no is in ploechje omklûmerjende âlde minsken op in ferfallen stasjon, wylst de Fryske trein al fyftich jier lyn foarbydindere is.
Ja, want al sa'n fyftich jier lyn is de ‘beweging’ oerstallich wurden. Allerhande doelen dêr't dy ‘beweging’ nei stribbe hat, binne berikt. Foar oare, noch te bestribjen doelen stanne organisaasjes klear as Berie foar it Frysk, Afûk, Skriuwersboun, Stuft en gean mar troch. It úteinlike doel fan de ‘beweging’ hat west om himsels oerstallich te meitsjen. Dat doel is berikt. Mar de âlde ‘bewegers’ hingje oan it ferline en stride nostalgysk fierder, byneed tsjin wynmûnen.
‘De striid foar it Frysk’ wurdt net fierd op it Reaklif of yn Starum, mar op it Provinsjehûs, by de Afûk, yn 'e húskeamer fan Piter Boersma as er redaksjefergadering fan Hjir hat, yn Grins, as