kêst 4.1 en 2.a.1 fan it Provinsjaal beslút 1984, nû. 62). Justjes tsjinstridich, dy betingsten: in oeuvrepriis kin, mits de auteur yn kwestje yn de ôfrûne perioade ek ‘it bêste wurk’ publisearrre hat.
‘No kinne de spekulaasjes oer de priis begjinne’, sei literêre goekunde fuort nei't de gearstalling fan de sjuery bekend wie. De nammen fan Durk van der Ploeg en Hylkje Goïnga foelen. In meilibjend literator skreau my oan as ‘De Grutfizier fan de Fryske literatuer yn 1998’. - Krekt as soenen wy as sjuery ûngenedich rjochtdei hâlde yn letterelân. Krekt as soenen wy yn 't foar witte hokker kant it út moast. Krekt as wienen der net mear goeie skriuwers (Piter Boersma, Eppie Dam, Tsjêbbe Hettinga, Margryt Poortstra, Albertina Soepboer, Rink van der Velde, Harmen Wind, Baukje Wytsma - om op eigen manneboet mar ris wat nammen te neamen).
Sa simpel wie it fansels net. Wy begongen mei it trochnimmen fan in lange list mei alle Frysktalige publikaasjes fan de ôfrûne trije jier, gearstald troch de Provinsjale Bibleteek. Dat resultearre yn in earste, romme seleksje en it nedige lêswurk. Nei twa gearkomsten kaam der aardich tekening yn de saak, nei de trêde wienen wy der fierhinne út: it gong ta op de roman It libben sels fan Piter Boersma. In boek dêr't ik de skriuwer fuort nei it ferskinen entûsjast mei lokwinske hie, mar dêr't ik as sjuerylid yn 't earstoan net daliks oan tocht hie: it seleksjeproses hie - net allinnich foar mij - syn ferrassende kanten.
Ferrassend, want like spekulatyf as suggestyf, wie ek it twatalige ‘parseberjocht’ dat it FLMD û.o. fia it Ynternet de wrâld yn stjoerde. Yn de Fryske fersy stie: ‘De takenning fan de priis oan Boersma is in ferrassing. De advyskommisje [...] kiest foar de orzjinaliteit fan It libben sels en net foar de tradysjoneel opsette en bewust-literêre romans fan Durk van de Ploeg (1930). Dy gou mei syn tetralogy dy't yn de Dongeradielen spilet as grutte kânshawwer foar de Gysbert Japicxpriis fan dit jier.’ Yn de Nederlânske oersetting wie dêr noch oan taheakke: ‘Verder werd ook dichter Tsjêbbe Hettinga (1949) gezien als mogelijke prijswinnaar.’
Yn it sjueryrapport is om 'e sin net yngongen op de oare kandidaten, al hat dy mooglikheid wol even te praat west. In shortlist, lykas bij de grutte kommersjele Nederlânske prizen, is ommers wol wat foar te sizzen. It soe it publisitêre effekt fan de GJP grif grutter meitsje. En praat wurdt der dochs. Dêr is ek neat op tsjin. At je mar witte wat de formele betingsten foar it takennen binne: der moat in opfallend - nij - boek publisearre wêze.
Ik ha my dan ek fernuvere oer de argewaasje dy't guon hân ha fan de fraachtekens dy't bij de kar fan de sjuery set binne. ‘Trijejierliks geëarmoed’ neamde Trinus Riemersma dat yn it foarige nûmer fan Trotwaer (hij hat der wolris oars oer tocht, docht út de reaksje fan ‘lobbyist’ Piter Terpstra yn dit nûmer bliken). En yn it Frysk Deiblêd hie Babs Gezelle Meerburg it oer ‘it geëamel oer de winner’ - om dêr sels yn de konklúzje fan har sunich besprek fan It libben sels yn feite likehurd oan mei te dwaan: ‘Fertsjinnet dit boek in Gysbert Japicxpriis? It antwurd dêrop is hiel ienfâldich: it ìs bekroane mei in Gysbert Japicxpriis, om't dy roman yn de eagen fan