De devaluaasje fan de Gysbertpriis
Tsjintwurdich is der noch al ris in literêre priis te winnen. Yn de foarige bemuoide de Provinsje har dêr net mei, no wol en bestiet der in prestiizjeuze priis dy't nei Gysbert Japiks ferneamd is. Al is dy priis neffens myn ûnbeskieden miening wol wat minder prestiizjeus yn literêre sin, mei't Piter Boersma dy fan 't jier taskikt krige hat.
Ik bin benijd nei it sjueryrapport en hoe't se dat takennen bemoaiprate. Miskien moat de sjuery har geandewei nammers bewenne ta de konklúzje dat der yn in beskaat jier gjin priis útrikt wurde moat. Gewoan om't de produksje net oan de easken foldocht; om't de skriuwers minne bôle bakt ha om sa te sizzen. Krekt as by de hynstekeurings dus: by gebrek oan kwaliteit gjin earste preemjes en mei't ik hjoed kritysk bin sels gjin twadde.
En hie de kommisje fan 't jier in priis foar stoef folhâlden takenne wollen - en dat is hast tradysje yn Fryslân - dan hie Durk van der Ploeg dy noch earder fertsjinne as Piter al skriuwt dy no al 27 jiergongen it tydskrift Hjir fol. Durk wint want dy publisearret hast al fjirtich jier.
Mar hawar, Piter dus, foar ien boek. En dat boek ha 'k net lêzen. Ik haw eins noch noait in boek fan Piter lêzen dat my boeide, sterker ik haw noch noait in boek fan de man útlêzen, wylst ik it altiten wer besocht, want ik fyn Piter sa'n aardige fint en in aardige fint soe dochs ek aardige boeken skriuwe kinne moatte... Soe dit iene boek dat ik net sjoen ha dan al? ...
It is mei de Fryske literatuer soms krekt as mei it nijs fan Omrop Fryslân, tink ik wolris. De helte fan de tiid is der gewoan gjin nijs, mar om't der al stjoertiid is, meitsje wy wat en wurdt de tiid dus fol makke. Better heal nijs as gjin nijs, tinke se en sa giet it ek mei prizen leau 'k. Knappe boeken of gjin knappe boeken, let neat, der is in priis en dy sil takend wurde.
Gjin priis, sa hie it fan 't jier dan ek mar moatten. Om alteast de skyn fan kwaliteit en krityske selsrefleksje yn Fryslân op te hâlden.... Mar it is al wer safier, Piter kin syn snor mar oppoetse, de literêre mateklup fan de Q en it Skriuwersboun kinne der mar ien op opnimme.
Njonken dy devaluearre Gysbertpriis is der yn Fryslân noch in steal offisjele prizen, alle romrofte skriuwers kin men mar opneame of der is wol in priis nei ferneamd: Kloosterman, Postma, Schurer, Halbertsma, Eekhoff... As men de pinne optilt - úteinlik is der mar in tsien persint fan de Friezen dy't Frysk skriuwe kin, lit stean fan docht - en dat skriuwen in hoartsje folhâldt dan folget in priis. Statistysk net foar te kommen. [Folge in stikje oer de kar fan de sjuery by de Rely Jorritsmapriis 1998.]
Miskien moatte wy wol ophâlde mei dy prizerij en dy sjuery's dy't sa astrantich in kar meitsje en miskien kinne dy radiokollumnisten, dy't dêr wer in opfetting oer ha, har ek mar better de bek hâlde. De Fryske literatuer yn 1998.... Gjin blommen, gjin taspraken.
Karel Gildemacher
(Fragmint fan in taalkollum sa sa likernôch brocht op 17 oktober 1998 foar Omrop Fryslân Radio.)