GJP-trioel
Sânentweintich jier geëarmoed
Yn syn stikje ‘Trijejierliks geëarmoed’ oer it takennen fan de Gysbert Japicxpriis (Trotwaer, oktober 1998) skriuwt Trinus Riemersma dat Tineke Steenmeijer en Piter Terpstra ‘de myte fan de passearre Van der Ploeg’ skepen ha. Hy hat it oer in Steenmeijer-Terpstra-lobby.
Trije jier lyn en no ek wer bin ik opskille troch Sietse de Vries, redakteur fan de Leeuwarder Courant. Beide kearen hat er myn oardiel frege oer de takenning fan de priis. Ik hie gjin reden om syn fraach net te beäntwurdzjen.
De earste kear (doe't Riemersma syn roman De Reade Bwarre bekroand waard) haw ik sein dat ik ferwachte hie dat Durk van der Ploeg de priis krije soe omdat ik him op dat stuit de bêste Fryske proazaskriuwer fûn.
Diskear haw ik antwurde dat ik Piter Boersma syn wurk in Gysbert Japicxpriis wurdich achtsje, dat ik him dêrom fuort lokwinske haw, mar dat iksels keazen hawwe soe foar it oeuvre fan Durk van der Ploeg. Dat is alles wat ik oan de ‘mytefoarming’ dien haw. Hoewol diskear yn de sjuery in goede freondinne en in goede freon sieten kin my net in skyn fan lobby ferwiten wurde.
It gefolch fan ús koarte antwurden op Sietse de Vries syn fragen soe neffens Riemersma wêze, dat de glâns fan it feest weinommen en Piter Boersma syn dei bedoarn wie. Dat kaam al oars út. Boersma noege my (en ek myn frou, mar dy wie behindere) fia it gemeentebestjoer út om de útrikking fan de priis en it feestlik barren dêrnei by te wenjen en sa hawwe sawol Trinus as ik sjen kinnen dat de laureaat entûsjast wie oer de moaie dei.
Trinus klaget der oer dat it wenst liket te wurden om sadree't de winner fan de Gysbert Japicxpriis oanwiisd is, buorkundich te meitsjen dat ‘ik it hjir net mei iens bin, want dy-en-dy hie him ha moatten’. Ja, sa is it. No, dat is net allinne fan de lêste tiid.
It heucht my dat yn 1971 by de takenning fan de priis oan Paulus Akkerman by it gemeentebestjoer fan Boalsert in brief ynkaam fan in eardere priiswinner, dêr't yn stie dat er oan de útnoeging om de útrikking by te wenjen gjin gefolch jaan soe. Hy wie fan betinken dat de Gysbert Japicxpriis dat jier tige ûngelokkich fallen wie. Wurk fan moderne alluere en fan ridlik literêr nivo, lykas dat fan Anne Wadman en Tjitte Piebenga, wie achtersteld by slim tradisjoneel en pretinsjeleas proaza en dêrom betsjutte dizze priistakenning literêr-polityk sjoen de dea yn de potGa naar eindnoot1.
Witst it noch, Trinus?
Piter Terpstra