1992 stelde Te Nuyl dat de Fryske identiteit in item is, dêr't eksplisyt oer praat wurde moat:
‘Oer taal, oer in oan dy taal ûntliende identiteit, oer it libben hâlden fan in kultuer, oer de kar dy't oer al dy saken, makke wurde moat. Keunstners, lykas wy, binne tsjin har eigen kultuer ferplichte om oer dat soart saken útspraken te dwaan en stânpunten yn te nimmen’.
En hy makket dan in opmerking dy't ik hjir graach oanhelje:
‘Fertrou net op bestjoerders. Net dat se net wolle, mar om't se neat binne sûnder in libbene kultuer, sûnder skriuwers en dichters en sjongers en skiedkundigen en toanielspilers dy't toane wêrom't de kultuer beskerme wurde moat. Stypje de bestjoerders, fuorje harren, meitsje de wapens dêr't se ús mei ferdigenje kinne’.
Te Nuyl einiget mei de oprop dat it toanielselskip (Tryater) har ferbine moat mei skriuwers, én mei de útdaging oan Omrop Fryslân om te praten oer in strukturele foarm fan gearwurking om nije teksten te presintearjen, dy't in daam foarmje kinne yn in deltaplan foar de Fryske taal en kultuer.
Te Nuyl hat dat Deltaplan net formulearre. Hy wiisde wol op mooglikheden. Doe't de strukturele finansiering fan de regionale televyzje fan Omrop Fryslân regele wie, is der neitocht oer nije mooglikheden dy't te finen wiene yn de ferbining tusken toaniel en tv.
Sa't jimme witte, wurkje Omrop Fryslân, Tryater en de AFUK op dit stuit hurd oan Frysk tvdrama. It frege politike útspraken fan de Steaten om sa'n belied finansjeel mooglik te meitsjen. Te Nuyl seach dat goed. Te Nuyl socht nei de romte foar de ynstellings om har better te ûntjaan, nei nije mooglikheden om it Frysk rûnom te brûken.
Dat wol oan de oare kant net sizze dat wy fan it tv-drama út in belidenis oanhearre moatte oer it Frysk. Nee, wy ferwachtsje nijsgjirrich drama, drama dat jo pakt, yn 'e besnijing krijt. Drama dêr't jo leaver nei sjogge as de produkten fan SBS, Veronica of RTL. It is lykas Dam sei: de minsken moatte der net omhinne kinne.
Werom nei de skriuwer en syn taal. Ik haw sjen litte wollen dat Fryske skriuwers net samar in taalkar meitsje. Skriuwers rûnen earder foarop yn de Fryske Beweging, mar Schurer woe de skriuwers der frij fan meitsje. Hy ferbriek de ferbining, fanút in stânpunt fan de Fryske Beweging. Dochs sil in grut part fan de aardichheid fan it Frysk skriuwen dêryn sitten hawwe dat jo foar jo gefoel bydroegen oan de emansipaasje fan it Frysk. De foarhoede fan Schurer.
Dat motyf wurdt minder, neigeraden der oare dragers binne foar it Frysk. It ûnderwiis, it bestjoer (hoe behyplik ek) en benammen ek Omrop Fryslân, dy't it Frysk fier draacht. Schurer wie te betiid mei syn stellingname. Mar lang om let kin de Fryske skriuwer skriuwer wurde, wêze.
Dermei is it ferhaal net dien. No't de Fryske skriuwer yn 't foarste plak skriuwer wêze kin, falle twa resinte publikaasjes op dêr't de Fryske tematyk eksplisyt yn oan de oarder komt. Te witten Bretagne libre fan Trinus Riemersma en Shit my mar lek fan Meindert Bylsma.