Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 285]
| |
Ut it deiboek fan St. DichterHjoed tsjoend leech grêf
Ut kachelpiiphoed
Ierdbeien sa grut, read
As it hert fan Kristuskattelyk
Hjoed tsjoend mysels
Minskesoan dan sa
Samar, it goede sied net ferdwûn
Yn in ôffierputsje
Mar fiere stjerren delsketten
Hjoed tsjoend in kroech
Ik, kroechbaas en klant!
Sûpe, sûpe! Bier as wetter
Wetter as wyn
Of wie it oarsom
Ik hie der eat mei dien
Hjoed tsjoend drokke dei
Oer trije dagen mar werris op
Dan leech grêf út kachelpiiphoed
Ierdbeien sa grut, read
As it hert fan Kristuskattelyk!
|
|