Wurdearringswurd
Trinus Riemersma
Achte priiswinner, bêste gasthear Skulinga, manlju en froulju:
Piter Boersma, ik stan hjir mei grutte nocht!
Ik ha de opdracht krigen om in wurd fan wurdearring út te sprekken en dat doch ik mei wille. Ik tankje de boargemaster dat er even sein hat út wa syn namme ik hjir praat, want dat wie my net ferteld [Fryske Akademy, FLMD en Ried fan de Fryske Beweging]. Ik haw dus trije organisaasjes achter my en sadwaande hawwe myn wurden krêft.
Piter, ik wol dy begroetsje en hulde bringe.
Foarst begroetsje ik dy as winner fan 'e heechste Frysk-literêre ûnderskieding. Do wurdst hjoed opnommen yn it selekte selskip fan Gysbert Japicxpriiswinners. Oan my de earfolle taak om de doar foar dy iepen te dwaan en dy oer de drompel te lieden. Ut namme fan 'e libbenen èn de deaden hyt ik dy wolkom!
Ja... dy deaden, mar dêr strak oer. It is hjoed de 27ste kear dat de priis takend wurdt. 25 kear is er ek útrikt, ien kear is er wegere (E.B.F.) en ienkear binne D.S. net meigien yn it advys (O.F.). Fan dy 25 kear dat de priis útrikt is, wie dat trije kear oan in eardere priiswinner (J.W., A.W. en T.R.). Sa komt it tal fan Gysbert Japicxpriiswinners op 22. Lykwols, neist dy binne dêr noch mar 8 fan yn libben. 13 binne al ferstoarn. It liket dus wol frij gefaarlik om dizze priis te krijen...
Dy acht hienen hjir allegear wêze moatten om dyn befoardering ta ‘Grut Skriuwer’ en ‘Bodder yn 'e Fryske Striid’ mei te belibjen en mei te fieren. Mar se binne der net allegear. Ik haw fan 'e eardere priiswinners allinnich Steven de Jong sjoen. Is Tiny hjir ek? Moai, Tiny is hjir ek. No, wy trijen, Piter, wy drage dy op ús hannen de literêre himel yn.
De Gysbert Japicxpriis waard earst alle jierren útrikt, dêrnei om it jier en tsjintwurdich ienris yn 'e trije jier. It wurdt dus stadichoan minder. Is de kwaliteit fan it literêre wurk sa sakke dat it mar ienris yn 'e trije jier in priis lije kin, of binne Provinsjale Steaten deagewoan sunich? Oan it bedrach fan 'e priis te sjen àl: fjouwertûzen gûne. Ik tink, Piter, ast sa likernôch itselde dochst as ik, dan kinst fan dizze priis in bedrach fan f 6,80 oerhâlde. Ik haw der trije jier lyn mei wiif en bern fan út iten west, in rûntsje jûn 'e kroech, in feestke hâlden foar buorlju en freonen, in pear redens kocht en doe hie ik noch krekt genôch oer foar in pakje shag. Mar do smookst net, dus...
Piter, do bist wiis mei de priis, en gelyk haste. Hy komt dy ta en ik gun him dy fan herten. De priis is ferbûn oan dat iene boek datst skreaun haste, sa stiet it yn 't reglemint en nèt oars. Mar ik wol graach dizze gelegenheid oangripe om dy te earjen as wrotter yn 'e Fryske literatuer. Do