Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 278]
| |
Mear as ferstjinne
| |
[pagina 279]
| |
liedt de lêzer nei de tryste romanwerklikheid. Mar, troch de skriuwer syn fertsjinstlik boartsjen mei humor en taal krijt er syn lêzer dochs ek oan it glimkjen. De ûnûntkombere ein fan it fiifde houlik wurdt bygelyks oankundige troch in boarterij mei de nammen fan de fjouwer fersliten froulju en mei de fiifde frou harres. De frou dêr't de haadpersoan lokkich mei liket te wêzen hyt Dette en de man hopet dat hju dy namme altyd hâlde sil, want dan sil yn syn egen har namme altyd ‘Ik Sil Dy Opfrette’ wêze. Sels wol se fan en ta wol ris hawwe dat har namme Marij is, mar om't dy útrint op ‘Ik Ha Myn Nocht Fan Dy’ (side 11) ferspijt er dy namme. Op side 38 al komt de skriuwer op 'e nammejouwing werom en dêr wurdt de lêzer glimkjend in stap fierder nei de skieding ta laat. Dette ropt út dat hju ‘Mary’ hyt en in pear rigels fierder makket se mei har nije namme in rympear: ‘Ik hyt Mary, ik kin neat mear mei dy’. Net ‘Marij’ dus en lykas earder rymjend op ‘dij’, mar ‘Mary’ en rympearjend mei ‘dy’. De ferskillen binne mar lyts, mar der leit wol in wrâld fan ferskil tusken. Nammentlik de beide ferskillende wrâlden fan Dette en har man. Hjir is troch de ferteller mei it detail boarte. Sels de taal fan de twa is ûngelikens. Hy is mei syn ‘Marij’ in klaaiman, hju moat mei har ‘Mary’, rymjend op ‘dy’ út 'e Wâlden komme. In safolste subtile oanwizing, dat de twa net byelkoar passe en net byelkoar bliuwe sille. De beskriuwing fan 'e lokaasjes is ek humoristysk en komysk en tagelyk realistysk. Foar elk fan 'e fiif houliken hat de haadpersoan in eigen wrâldsje, in plakje dêr't er him weromlûke kin sûnder dat er him mei syn oare helte hoecht te bemuoien. Yn it earste houlik wenne er op 'e fyts, yn it twadde op 'e fliering, yn it tredde yn it hok en yn it fjirde yn 'e bibleteek. Yn it houlik mei Dette hat er it bûtenfinsterbank op it westen foar kar naam. Fiif ferskillende plakken, mar yn wêzen ien en itselde plak: yn himsels keard, yn syn eigen wrâldsje. Op 'e earste side al wurdt ferteld dat er yn syn finsterbank wennet en dat Dette yn wêzen ek har eigen plak yn 'e hûs hat. Hju wennet oan 'e keukenstafel, mar perfoarst net oan it oanrjocht. De man en de frou wenje wol geregeldwei byelkoar. Dette komt wol yn it finsterbank en hy krijt har dan by de hân ‘en nei in skoftke springe wy oer it sleatsje dat oardel meter fan it finsterbank ôf leit, rinne in pear meter it lân yn en gean lizzen te frijen’ (side 5). Hy mei it leafst mei Dette yn it stikje greide lizze te frijen. Yn Dette har keukenwrâld belibbet er dêr minder wille oan. As er mei Dette by de keukenstafel sit, rint it gau op frijen ûnder de tafel út, mar hy sjocht ‘der likefolle nei út as tsjin oan om mei har ûnder 'e keukenstafel te frijen’, want hy beskikt ‘ûnder 'e keukenstafel altyd mar oer in bytse enerzjy’ (side 10) wylst syn fiifde frou dan net warch kin. De kar en de beskriuwing fan 'e lokaasjes is ien fan 'e meast opfallende en nijsgjirrige aspekten fan de roman. De lokaasjes binne gjin besteande plakken, it binne gjin oanwiisbere oarden, mar se binne sa echt as wat en jouwe in mearwearde oan 'e roman. De persoanen yn 'e roman wurde helder be- | |
[pagina 280]
| |
skreaun. De lêzer leart se goed kennen. De haadpersoan is slim kontaktsteurd en libbet alhiel yn syn eigen wrâldsje, syn fliering, bibleteek of finsterbank. Syn dwaan en litten wurdt foar in part stjoerd troch syn obsesjes, lykas syn ûnbehearskbere niget oan ‘de pantys dy't froulju oan hawwe’ (side 72). Hy is net by steat om in houlik ta in goede ein te bringen, per definysje moatte al syn houliken dearinne. Troch it ôfwikende hâlden en dragen fan him is it tema fan 'e roman, it mislearre houlik, synonym mei ‘de mislearre man en heit’. In gefaar fan de kar fan sa'n steurd persoan is, dat der in karikatuer op papier set wurdt, mar yn dizze roman is dêr gjin sprake fan. De haadpersoan bliuwt echt en it hiele boek troch konsistint. Fan de karakters fan oare persoanen komme wy net in soad te witen en dat is logysk, want de roman wurdt út it finsterbank wei ferteld en dêrtroch sjocht de lêzer de wrâld fan 'e keuken, de wrâld fan Dette en dêrmei fan al de oaren, fan bûten wei. De haadpersoan sjocht nammers sels ek neat mear as de bûtenkant. Hy bekroadet him net oer Dette har gefoelens, it giet him allinne mar om har lichem. Hat er dan neat leard nei fiif houliken? Nee, de man bliuwt gelyk. Boersma konstatearret, registrearret, mar moralisearret net. Hy jout ek gjin oplossingen. Boersma hat sels oer syn wurk ek ris opmurken dat er swierrichheden beskriuwe wol, sûnder der in oplossing foar te jaanGa naar eindnoot2. It libben sels past wat dat oangiet dus hielendal yn it oeuvre fan Boersma. It eigene wrâldsje fan de romanfigueren en de fersteurde sosjale kontakten binne likemin nij yn syn wurk. Yn syn ferhalebondel De skjirreGa naar eindnoot3 makket in haadpersoan in opmerking dy't makke wêze kinne soe troch de man út It libben sels: ‘yn my is bûten myn eigen ik, myn eigen universum, bûten dingen dêr't men net oer prate kin, bûten myn mankelikens, myn iensumens, myn selsmeilijen, neat’ (side 129). De styl yn earder wurk fan Boersma waard troch kritisy meastentiids net as it sterkste wurdearre. Dy soe stinderich en te wiidweidich wêze. It libben sels is hiel oars fan styl. De roman is libben mei koarte, saaklike sinnen. De styl is it hiele boek troch suver poëtysk. Yn in al wat âlder ynterview hat de skriuwer sein dat er him it bêste yn proaza ûtdrukke kin: ‘In forhael... in roman, dat is it foar my wol, leau 'k. Dêr kin ik hwat mear yn kwyt. Ik skriuw ek folle leaver in forhael as in fers.’Ga naar eindnoot4 Mei dizze roman hat er in goede kombinaasje makke: in roman dy't in poëtyske sfear ammet. De oardelhûndert siden tellende roman bestiet út 107 koarte haadstikjes. Koart en saaklik. Elk stikje jout in eigen útwurking fan it tema fan de roman en se foarmje allegearre in eigen lytse boustien ta it gehiel. Foar de publikaasje fan 'e roman hat in tal fan dy haadstikjes yn it literêre tydskrift Hjir stien. Dy foarpublikaasjes misten har doel, om't se út it gehiel helle wienen en dêrtroch min nei te kommen wienen. Yn 'e roman is net ien fan 'e haadstikken oerstallich, se hearre byelkoar en soargje foar in hecht bouwurk. De skriuwer hat mei de matearje boarte, mar de foarmjouwer hat itselde dien en fertsjinnet ek | |
[pagina 281]
| |
in plûmke. Oars as wenst, steane de haadstiktitels net boppe oan in side, mar stiet de lêste punt fan elk haadstik ûnderoan in side. It gefolch fan dy opset is, dat in haadstik op elk plak op in side begjinne kin. Elk haadstik wurdt behalven mei in punt ek ôfsluten mei in lizzend balkje, in ferlytse foarm fan it balkje dat ek foar op it omslach te finen is: in finsterbank! Neist it finsterbank binne folle mear eleminten út 'e roman op it omslach werom te finen. Yn it lijntsjespul binne de oare fjouwer wenplakken fan de haadpersoan werom te kennen: in fyts, in fliering, in hok en in bibleteek. Yn it omslach seagen guon fan ús ek in fallysk symboal werjûn en dat stiet foar de haadpersoan syn iensidige en suver syklike niget oan seks.
Hjirfoar hawwe wy al wiisd op earder en oar wurk fan Boersma. Hy debutearre yn 1974 mei de fersebondel Net te kearen emoasje en dêrnei folgen noch fjouwer bondels mei poëzyGa naar eindnoot5. Yn 1976 ferskynde Hwat der bart, syn earste ferhalebondel, en yn 1977 kaam De reis fan Labot út, syn earste roman. Sawol dy ferhalebondel as dy roman meirekkene, hat Boersma no acht selsstannige proazawurken op syn namme stean.Ga naar eindnoot6 Doe't wy derút wienen, dat syn lêstferskynde roman de Gysbert Japicxpriis fertsjinnet, hawwe wy oar wurk fan him besjoen om nei te gean oft de priis ferbrede wurde koe nei in oeuvrepriis, in mooglikheid dy't yn 'e bepalingen fan 'e Gysbert Japicxpriis bean wurdt. Wy binne lykwols fan betinken dat it oare wurk fan Boersma it nivo fan de bekroande roman net hellet en dêrom hawwe wy Deputearre Steaten advisearre om de priis te beheinen ta It libben sels. Dy roman hat neffens ús de priis mear as fertsjinne en wy wolle Piter graach mei de priis lokwinskje. |