Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 267] [p. 267] Eric Hoekstra Billy Budd: tsjinstfaam en kening fan 'e see Hy wie de tsjinstfaam en de kening fan 'e see, altyd ree en klim yn it want en lavearje om de kante spierde balken fan it krús en bekken fan 'e mêst, en reevje de rokken fan 'e seilen. Hy wie de tsjinstfaam en kening fan 'e see, reewillich klaaide er him yn it blau matroazebaai, en draai de touwen tsjok as ieren om 'e stam fan 'e mêst ferburgen yn 'e rokken fan 'e seilen. Hy wie tsjinstfaam en kening fan 'e see, steesoan naam er oarmans wurk oan en sifere himsels wei en sa hearske er oer al syn maten: de roas op it deade hout fan 'e strewellen fan 'e dei. Mar ien woe gjin gedoente mei de skientme fan syn tsjoen en sloech him mei syn knyft op it krúshout fan 'e mêst: in Sinte Sebastiaan op it lêst. Hy wie de tsjinstfaam en de kening fan 'e see, altyd ree. [pagina 268] [p. 268] It militêre sels It binne net de epoletten dy't myn fingers aaikje, it is net it strange unifoarm dat myn each bekoart of oare aspekten fan it liif, sjoen of ret en rekreëarre: it is it militêre sels dêr't ik fan hâld. Ik bin in strider fan 'e geast en ik gehoarsumje blyn oan it brike befeljen fan myn smaak. Ik bin dôf foar it befeljen fan oare mearderheden. Ik fermoardzje de mieningen fan oaren, fertraapje de swakke - arguminten yn my. It is it militêre sels dêr't ik fan hâld en it is it slachfjild fan myn geast dat my bekoart. [pagina 269] [p. 269] Wêr longerje jim op? Jim tonge longert op 'e gleonens fan in kopke sûkelade mei rjemme of longert jim tonge op 'e glânzjende glêdens fan 'e stâle fan it sulveren leppeltsje en wol er reedride op it spegelglêde iis fan 'e rêch en it bolle biltsje oan 'e achterkant of spegelje him yn 'e blide holte oan 'e foarkant? Wêr longerje jim op, op it leppeltsje of op 'e sûkelade? Wonderlik is it longerjen fan jim tonge. [pagina 270] [p. 270] Allinne Ha jo myn DNA ek sjoen, it stie hjir yn dit potsje. Faaks hat de skjinmakker him fersjoen of it meiroeid foar syn katsje. Ik sykje yn 'e skappen om, se hiene my krekt kloond. Hoe fyn ik no mysels werom? Nee, ik bin net stoond. Ik sykje yn 'e supermerk, ik sykje yn tsjerke en studio, ik sykje yn 'e krante want sûnder it keurmerk fan dit oard bin ik allinne preludio op myn eigen soart. Vorige Volgende