De kritikus yn in ivoaren toer? (1)
Verschans je achter een muur van boeken, blijf ver van recepties, presentaties en schrijverscafé's en scherp je pen aan de literatuur
Jaap Goedegebuure by syn ôfskied as kritikus fan it wykblêd HP/De Tijd.
It nijsgjirrige fan literêre teksten sit him gauris mear yn wat der net stiet, as yn wat der mei safolle wurden delskreaun is. Dat jildt net allinne foar de fersen van Nijhoff. Sa wurdt krityk út soarte in nuodlik ûndernimmen, want wat der net stiet, kin net beoardield wurde. Dochs wol ik it advys fan Jaap Goedegebuure op dy manier lêze.
Goedegebuure riedt - om binnen syn byld te bliuwen - syn opfolger net oan in ridder fan de pinne te wurden dy't derop útsjocht om alles wat him net sinniget, fuort en daliks del te stekken. It liket earder oarsom te wêzen: immen dy't him - achter een muur verschanst - stelt him ommers yn earsten definsyf op. Mar wêr hat de kritikus him dan tsjin te ferdigenjen? Dat blykt út it ferfolch: resepsjes, presintaasjes en skriuwerskafees binne foar him gefaarlik terrein en dat is te begripen: it binne de slachfjilden fan de kommersjele belangen. Op dat gebiet stiet de kritikus mei lege hannen. En it binne blykber ek de fertsjintwurdigers fan dy belangen, tsjin wa't er him, as se him tenei komme wolle, efter syn muorre fan boeken ferdigenje moat.
As in kritikus him te war stelle moat, dan op syn eigen mêd en mei de wapens fan de literatuer, riedt Goedegebuure. No ja, sa nij is dat fansels net. De ferrassing fan syn advys siet der foar my yn dat de skiedende kritikus yn dyselde sin net skriuwt: -en blijf vooral ver van de schrijvers zelf -. Dat fûn ik nijsgjirrich.
Hylke Tromp