[Nummer 6]
Dwersreed
Lolkje Hoekstra
Sterile keutels
Yn Spanje wurdt it makke.
De Jambugo-barchjes rinne dêr om en ite wat der te iten falt. Yn har gefal binne dat foaral nútsjes. Dêr groeie dy Jambugo-barchjes hiel stadich fan, want se ha wat in ôfwikende skyldklier. Se moatte wol in kilo as sân ite wolle se der ien kilo fleis op de bonken by krije. It duorret foar de bistkes wol in moanne as seisentweintich foar't se slachtryp binne. En nei de dea begjint it pas. It fleis wurdt pikele, droege, ripe. Sa en net oars ûntstiet yn Spanje Serrano-ham. In oer-hearlik, aromatysk hamke, dêr't de nútsjes en de natuer yn preaun wurde kinne.
Lokkich de minske dy't de echte Serrano-ham ite kin, want it komt op wol sa'n fyftjin gûne it ûnske.
Mar Nederlanners soene gjin Nederlanners wêze at se dêr net wat op fûn hiene. De Serrano-ham foar de massa. At it einprodukt goedkeaper wêze moat, hat men fansels neat oan dy sleauwe Jambugo-barchjes. Dan is it stikken tûker en laad in pear frachtweinen fol Nederlânske barchjes yn, waarm fan de sûch, en ryd dy nei it lân fan Sinteklaas. Dy lytskes binne wol freeslik kwetsber, lang ha se net by de sûch lizze kind, dat mei de termkes ha se rillegau de alderaaklikste problemen. Gelokkich binne dêr frij goede antibiotika foar ûntwikkele, dat se kinne mar begjinne mei de reis fan har libben.
De barchjes dy't de reis oerlibje ite krekt deselde nuteboel, in kilo as fjouwer is al goed foar ien kilo fleis ekstra. En nei in lyts jier is it barchje ryp. Om dêrnei neist de Spaanske suskes te einigjen yn de ryp-skuorren dêr't de lokale mikroflora noch even dy ekstra spesjale smaak tafoeget. Sadat der ek Serrano-ham foar in gûne as fiif it ûns te krijen is. Allinnich de echte fanaten priuwe it ferskil tusken de Spaanske barchjes en de saneamde lien-barchjes.
De Serrano-ham wurdt fansels werombrocht nei it bertelân, kreas ferpakt en ûnder klimatologysk ideale omstannichheden. Der wurdt foar soarge dat baktearjes gjin kâns krije.
Dat hâldt yn dat ek it personeel op de fleisguodôfdieling te skjin foar wurden wêze moat. Sy hawwe de hannen ûntsmet mei in alkoholhâldende gel foar't se de ham oanpakke. Dat dogge se aardich wat kearen deis, dat ûntsmetten. Guon minsken ferdwine dêrtroch fan de ôfdieling, want swolderij heart foar de ûngelokkigen by sa'n oanpak fan de hûd.
De klant krijt syn produkt mei, sa steryl at mar mooglik is. At er der thús mei griemt, is it oan te rieden dat er de mooglik besmette flakken even ôf-sjippet mei in middel dat mar leafst 98 persint fan de baktearjes deamakket. Je kinne net feilich en skjin genôch wêze, seker net yn de buert fan