Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn augustus ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Hylkje Goïnga (1930) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels. |
Josse de Haan (1941) hat de lêste hân lein oan Piksjitten op Snyp, in roman dy't spilet op 'e grins fan it reaksjonêre plattelân en it futurologyske fan de grutte stêd. Sammelt manuskripten en skriuwers foar de Koperative Utjowerij. Wennet heal yn Fryslân (De Himrik) en Baskenlân (San Sebastián). |
Hein Jaap Hilarides (1969) studearre Ingelsk, is muzikant, komponist en tekstskriuwer. |
Saakje Huisman (1951) skriuwt koarte ferhalen en sjocht as útdaging it skriuwen fan lange ferhalen. Fan 't maitiid ferskynde har debútbondel Sûnder hûd. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is einredakteur fan Trotwaer. |
Steven de Jong (1935) wie redakteur fan De Tsjerne (lêste nûmer), Quatrebras en Trotwaer en oant begjin 1997 dosint Nederlânsk. Is skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992). |
Douwe Kootstra (1951) wie jierren wurksum yn 't basisûnderwiis, is no parttime meiwurker by it Taalsintrum Frysk fan GCOfryslân. Siet yn de redaksje fan De Strikel en publisearre û.o. trije bondels mei reisferhalen. Makket columns foar Omrop Fryslân en De Schoolmediatheek. Is yn en bûten de provinsje gauris te hearren as ferteller fan Fryske folksferhalen. |
Hannah Ludwig (1943) is sjoernalist/publisist/toanielresinsint en Steatelid foar de Partij van de Arbeid. Krige ein sechstiger, begjin sântiger jierren fiif kear in Rely Jorritsmapriis. Skreau boekjes oer Jugenstil en Neoclassicisme foar it Monument van de Maand. Wie yn in griis ferline ein- en haadredakteur fan de Friesland Post. |
Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra) berne yn 1954. Is skoaljuffer yn Bitgummole. Skriuwt berneboeken, toaniel- en lietteksten. Krige yn 1998 foar Yn pyama de dyk oer de Simke Kloostermanpriis en de Sulveren Spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery. |
Durk van der Ploeg (1930) wurke as typograaf en opmaakredakteur, siet yn de redaksje fan De Tsjerne, De Stim fan Fryslân en Frysk en Frij, skriuwt kritiken foar de Ljouwerter Krante, publisearre gedichten, novellen, romans en ferhalen. |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Jan Schotanus (1950) is skoalmaster en skriuwer/oersetter. Skreau û.o. berneboeken lykas De kwestje fan Quad en twa Mentha Minnemadielen. Sette de lêste fiif jier toanielstikken en musicals oer foar it iepenloftspul fan Jorwert. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. |
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Publisearre yn it Frysk de dichtbondels Gearslach en De twirre yn 'e tiid. Yn it Nederlânsk ferskynde fan har De Hengstenvrouw. |
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, fersoarge in toanielkronyk foar De Tsjerne, skreau toanielstikken foar Tryater en De Noorder Compagnie en wie toanielkritikus foar Trouw en Omrop Fryslân. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. trije dichtbondels en (tegearre mei Doeke Sijens) it jubileumboek fan de KU, In útjouwerij fan Quize-Quânsje. |