Trioel
De midsmjitte is ûndermjitsk
Tr. Riemersma
‘Fryske literatuer hat twa kanten: folkslektuer en literatuer foar de happy few. Wat ûntbrekt is de literêre roman foar in breed publyk,’ skriuwt Sietse de Vries yn it julynûmer. Is dat sa? Hy jout gjin inkeld argumint om syn stelling te stypjen.
As men de literêre produksje fan de lêste jierren besjucht, dan liket it my ûnmooglik ta om dy op te spjalten yn twa of trije heapen dy't dúdlik fan inoar te ûnderskieden binne. De Vries jout net oan neffens hokker kritearia men skiede en skiftsje moat. Is dat de taal (slimme wurden), de styl, de sinskonstruksje, it point of view, de oardering, de konstruksje, de hanling, it tema, de psychology? De personaazjes, de foarfallen, de wrâldskôging, de fertelde foarfallen? Wêr giet it om?
Kin men by it lêzerspublyk groepen idintifisearje as folksliteratuerlêzers, happy-fewlêzers en literêre romanlêzers? Ik tink dat it net kin, ik tink dat sokke groepen net oan te wizen binne.
Kin men út 'e ferkeapsifers ôfliede dat der trije soarten boeken binne, guodden dy't of poerbêst of striemin of midsmjittich rinne en komme dy groepen oerien mei folksliteratuer, happy-fewliteratuer en literêre romans?
Fan hokker kânt ek besjoen, sa'n trijedeling liket my net oanwiisber. Ik tink dat it om in simpele foarm fan analogyredenearring giet. Men hat grou, mêger en midsmjittich, lang, koart en midsmjittich, dus ek simpele literatuer, drege literatuer en midsmjittige literatuer.
Sa'n middensoarte fan literatuer liket in logysk middele te wêzen tusken de ekstreme foarmen fan literatuer, de al te simpele oan 'e iene kant en de al te útwrydske oan 'e oare kant. En om dy reden is er oanloklik foar lju dy't har sjeneare om kasteelromans en doktersromans te lêzen, mar dy't oan 'e oare kânt de ‘moderne literatuer’ te pessimistysk, te grouwélich of te ûnfatsoenlik is. Lykas by it minsklik lichem it ideaal tusken grou en mêger, lang en koart yn leit, sa wurdt ek dy tuskenbeidene literatuersoarte as de ideale belicheming fan literatuer beskôge.
Mar hoe ferloklik sa'n middensoarte literatuer wêze mei foar guodden, hy bestiet helendal net. As men hyt en kâld wetter byinoar docht, dan kryt men lij wetter. Mar it middele fan folksliteratuer en happy-fewliteratuer is net de literêre roman. De redenearring derefter sil wol likernôch sa wêze: de folksliteratuer hat in temin oan literêre middels en de happy-fewliteratuer in tefolle. Of: de iene is te simpel en de oare te komplisearre. Dy redenearringen doge lykwols net: alle literatuer wurket mei literêre prosedees, alle