Unoantaastber bewûnderje? (18)
Albertina Soepboer
Soms gebeurt it. It is net te sizzen wannear't en wêrom't it gebeurt. Fan 't simmer bygelyks. Ik stie foar in skilderij op 'e tentoanstelling fan de skilders fan De Ploeg út Grins. De stêd is hjerstich en noartsk skildere. It fielt as oft it byld yn 'e rein weiwurde sil as ik net mear sjoch. ‘Een lege postbode verdrinkt in de landweg. Het is verdomd al weer haast herfst....’, sis ik samar tsjin it skilderij. Of ik stie yn in winkel en wit net mear hokker jam ik keapje moat. Ynienen sis ik: ‘Ik zal bij je terugkomen en het jaar zal een feest zijn.’ Dan wit ik dat it framboazejam wurde moat.
Sa giet it dan. Ynienen dûke syn wurden wer nei boppen ta. Myn held doe't ik 16 wie: Hans Lodeizen. Ergens swimme dy fersen my noch altiten yn 'e kop om, al bin ik se faak fergetten. Lykas yn 'e leafde is myn bewûndering oantaast troch de tiid. En fansels, ik ha oare poëzij lêzen. Mar op 'e mominten dat syn poëzij der is, is it allegear wer itselde. Dy hjerstige nostalgy, gjin plak hawwe en in tefolle oan tryst fielende leafde.
Nederich hawwe syn wurden my noait makke. Se smeitsje nei langstme en fan soks krij ik hûnger. Hûnger om sels wurden te sykjen oer it libben. Myn bêst te dwaan om wurden te finen doch ik net út nederichheid, mar inkeld omdat ik sels leau yn 'e sin om it te dwaan. En wat dyn bêst dwaan en nederichheid foar sin hawwe, lit my dêroer de lêste rigels fan 'e postrinder sitearje:
hoe laat zou het al zijn de rivieren staan
te heupwiegen als een raam tegen het landschap
mijn lichaam mijn teder lichaam zachtjes heengaand
of een lege postbode verdrinkt in de landweg.