| |
| |
| |
Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Netwurk of maffia?
Koningin helpt Friese maffia aan de macht. In grapke? Nee hear, de Ljouwerter Krante miende it op 4 augustus serieus, al stie it berjocht ek yn in kader: ‘Den Haag kent sinds gisteren de Friese maffia. Annemarie Jorritsma voert de bende aan, Loek Hermans, Hayo Apotheker, Gerrit Ybema en Geke Faber zijn handlangers. Zelfs Gerrit Zalm doet een beetje mee. Zijn moeder komt uit Koudum.’ En even fierderop: ‘De term “Friese maffia” zong al rond op het Binnenhof. De installatie van liefst vijf bewindslieden uit één provincie is ook de rest van het land niet ontgaan.’
Dat wie fjouwer jier lyn al even oars. Doe stroffele men allinnich yn 'e bûtengewesten oer it stimpel dat de Rânestêd op de gearstalling en it program fan it de earste ploech fan Kok setten hie. No soe dat dus totaal oars lizze. Sa oars, dat in Keamerlid út Brabân him soargen makke, om't de bestjoerders út it Noarden har amper ynlibje kinne soenen yn de gefoelens fan de Brabânske bargeboeren.
Mar hoe Frysk is dy maffia eins? Ybema is yn Fryslân hikke en tein en Jorritsma hat hjir it grutste part fan har libben wenne en de taal prima oanleard. Faber hat aktyf west yn 'e provinsjale polityk mar is al wer acht jier boargemaster yn Flevolân. Apotheker en Hermans binne bestjoersnomaden dy't hjir tafallich in tal jierren sitten ha, wêrbij't de Ljouwerter boargemaster mear affiniteit mei Fryslân en it Frysk sjen litten hat as de Fryske kommissaris.
Mei dy ‘maffia’ falt it dus wol wat ta (of ôf). It is sels de fraach oft je, lykas Jorritsma foar Omrop Fryslân die, wol fan in ‘Frysk netwurk’ prate kinne. Fan har kinne je teminsten net sizze dat se as minister fan Ferkear en Wettersteat Fryslân foarlutsen hat. It nasjonale, c.q. Rânestêdlike belang sil ek no meast swierder weagje as dat fan it Noarden en grif dat fan Fryslân.
| |
Falske noaten
Wie foar in lanlike krante as it Algemeen Dagblad de Rotterdamske boargemaster Bram Peper ‘dé grote verrassing’ yn it nije kabinet, foar de Fryske media wiene dat fansels Apotheker en Hermans, de earste mear noch as de lêste. Want dat Hermans hjir syn nocht der wat ôf hie en aloan mear aardichheid krige oan syn bijbaantsjes yn Den Haach, wie gjin geheim. Of sa't LC-haadredakteur Pieter Sijpersma mei de him eigen Fryske selshaat yn in kommentaar skreau: ‘Loek Hermans is een gedreven bestuurder. Hij zal zich na het suffe Friesland kunnen uitleven op Onderwijs, het ministerie dat verreweg het meeste geld uitgeeft.’
Krekt as soe Hermans hjir goed fjouwer jier lyn net út eigen frije wil kommen wêze. Noch wol
| |
| |
mei de belofte dat er op syn minst ien termyn fan seis jier bliuwe woe. (Inselde tasizzing died er yn 1990 bij syn ynstallaasje as boargemaster fan Swol - wêr't er it noch gjin fjouwer jier úthâlde koe.)
Hokker rol de mishipte fiering fan Fryslân 500 bij syn beslút spile hat, sil de foarsitter fan de organisearjende stichting sels wol noait út 'e doeken dwaan. Dat de krityske noaten Hermans falsk yn 'e earen klonken, wie bij mear as ien iepenbiere gelegenheid te sjen en te hearren. Dat it net it taseine folksfeest wurden is, koed er amper ferneare. En dochs lei him dat foar in net ûnbelangryk part oan himsels. Oan syn ynlibbingsfermogen en syn beheind gefoel foar Fryslân en it Fryske. En oan syn gebrek oan charisma, lykas keunsthistoarikus en gelegenheidscolumnist Huub Mous sa treffend ferwurde hat:
De commissaris heeft het kwetsbare imago van een onhandig wonderkind. Het ontbreekt hem niet zozeer aan moed, als wel aan het basale instinct om zijn rijk arsenaal aan bestuurlijke talenten te laten indalen in de taal van de gewone mensen. Het charisma van grote leiders gaat niet alleen gepaard met een natuurlijke welsprekendheid, maar vooral ook met de gave op historische momenten de juiste woorden te kiezen. (LC 1/7/98)
Sa'n histoarysk momint dêr't Hermans it op sitte liet, wie de offisjele betinking fan fiifhûndert jier sintraal bestjoer op 20 juny (net mei de koaningin mar mei prinses Margriet as heechste gast - ek wat dat oangie wierre it de organisaasje net mei). Dêr wie, ôfsjoen fan it folksliet, gjin wurd Frysk bij. Grif fanwegen de gasten fan om utens. Symboalysker koe it net. Skytsekkeriger ek net. Foaral je ‘fatsoen’ hâlde, want stel je foar dat de hege gasten oer de twadde rykstaal stroffelje soene.
Nee, dan Wim Kok. Dy wie nei de formaasje net te beroerd om de Fryske fragen fan radioreporter Marten van Kammen oer de Fryske maffia yn syn ploech adekwaat yn it Nederlâns te beäntwurdzjen. Gjin inkel probleem dat Frysk - alteast net foar minsken dy't it ferstean wòlle.
| |
Hylkje op 'e stander
Hylkje Goïnga ûnder de nôtmjitte wei. It stie mei grutte letters boppe Jelle Krol syn resinsje fan har nijst bondel (LC 7/8/98).
De nôtmjitte is dat net de ‘korenmaat’ dêr't je it ljocht net ûnder stekke moatte? Ja. Sjoch ‘De berchrede’ (Mattéus 5 fers 14), dêr't Jezus seit: ‘Ek stekt men gjin lampe op om dy ûnder de nôtmjitte te setten, mar men set him op 'e stander. Dan jout er ljocht foar elkenien dy't yn 'e hûs is.’ (Sjoch foar fariaasjes ek Markus 4:21 en Lukas 11:33.)
Stekt Hylkje Goïnga, troch Krol terjochte ‘ien fan de bêste Fryske skriuwers/skriuwsters’ neamd, har ljocht dan ûnder de nôtmjitte? Nee, it sit sa:
De skriuwster hat har bûten har wurk om nea net folle yn it Frysk-literêre wrâldsje oppenearre. Faaks hat har wurk om dy reden yn literêre skôgings net altyd it omtinken krigen dat it grif fertsjinnet. Boppedat is de skriuwster lang yn it skaad bleaun fan har eardere man, de bekende literator Anne Wadman (1919-1997).
| |
| |
Wat sille wy no beleve? Hylkje net warber yn it literêre wrâldsje? At der ien aktyf oanwêzich is op de Skriuwerswykeinen yn Koartehimmen dan Hylkje wol. At der ien har jierrenlang út 'e naad skrept hat foar it eardere moanneblêd De Strikel dan Hylkje wol as produktyf (ein)redaktrise. Om it mar net te hawwen oer har optredens rûnom yn it lân en har wurk foar Tryater en Frysk en Frij.
En at se oait al yn it skaad fan Wadman stie dan is se yn 'e tachtiger en begjin njoggentiger jierren wol definityf foar it ljocht kommen. Mei acht bondels, foar it grutste part yn it Nederlânsk fertaald en rûnom goed ûntfongen. ‘Goïnga har parlando-ferhalen fine grutte wurdearring by lêzer en kritikus,’ konstatearret Bouke Oldenhof dan ek yn it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (s. 165). Yn de twa edukative mappen oer Fryske skriuwers is se - fansels - ek royaal fertsjintwurdige.
Dat it de lêste jierren wat stiller om Goïnga hinne wurden is, sil mear te meitsjen ha mei in legere produksje as mei it ôfnimmen fan de wurdearring.
‘De kwaliteit en subtilens fan Hylkje Goïnga fertsjinje it [...] om ûnder de nôtmjitte weihelle te wurden,’ skriuwt Jelle Krol nei oanlieding fan de werprintinge fan Nei it park en Myn sigeuners. Dat is dus al lang net mear nedich. Folle aardiger hie it dêrom west at dizze oars sa solide kritikus har wat wiidweidiger en yngeander ‘op 'e stander’ setten hie as at er no yn syn stikje fan krapoan seishûndert wurden docht.
| |
Prikkelende studie
‘De redaksje wol net ferswije dat de ûnderfining leard hat, dat besluten makliker nommen wurde as útfierd. It hat in moai skoft duorre, ear't de opset fan it boek der lei en oan de útwurking begûn wurde koe.’ - Sa skriuwe Johan Frieswijk, Jo Huizinga, Lammert Jansma en Yme Kuiper yn de ynlieding fan de Skiednis fan Fryslân, 1750-1995. De bertehistoarje fan dat nije hânboek is yndied in ferhaal apart. It hat swier kealle.
Yn 'e simmer fan 1984 konferearret it Histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy mei in tal gasten fan om utens twa dagen lang oer it hoe en wat fan de regionale skiedskriuwing en oer it gearstallen fan in nij hânboek. De âlde Geschiedenis van Friesland datearret fan 1968 en is nei foarm en ynhâld foar in grut part ferâldere. Foaral wat de lêste twa ieuwen oangiet slút dat oersjochswurk net mear oan bij de stân fan saken fan it histoarysk ûndersyk.
It sil twaënheal jier duorje foar't de konferinsjereferaten ûnder de titel Frieslands verleden verkend yn boekfoarm ferskine en foar't de diskusje oer in nij hânboek wer in ympuls kriget.
Oer de opset fan it ideale standertwurk blykt binnen de Akademy gjin ienriedigens te bestean. Johan Frieswijk, histoarikus foar de nijste tiid, is foar in strakke systematyk en in beheind tal tema's, benammen op sosjaal-ekonomysk en sosjaal-kultureel gebiet. It aksint moat dêrbij lizze op ‘modernisearring’, feroaringsprosessen lykas it yntegrearjen fan Fryslân yn gruttere ekonomyske, sosjale en politike ferbannen. Besteande publikaasjes kinne goed fan pas komme, mar der sil
| |
| |
ek gâns (nij) ûndersyk dien wurde moatte om it grutte tal lakunes op te foljen.
Wol Frieswijk dus ta op in yntegrearjend en syntetisearjend boek, neffens Wiebe Bergsma, syn kollega foar de nije skiednis, bestiet sa'n yntegrale skiednis net: it ferline is net in puzzel dy't de histoarikus ôfmeitsje kin troch de ûntbrekkende stikjes bijelkoar te fandeljen en teplak te lizzen; nee, elke ûndersiker makket sels syn eigen synteze.
Diskusje is der ek oer de taal: Frysk of Nederlânsk of beide. Uteinlik komt der in moaie oplossing: twa ientalige edysjes, dy't tagelyk op 'e merk komme.
Geandewei wurdt dúdlik dat it nije hânboek in trilogy wurde sil mei yn it earste diel de foarskiednis en de midsieuwen, yn it twadde de nije tiid (sis mar fan 1500 oant 1800) en yn it tredde de nijste tiid. Elk diel sil sa'n tsien jier fergje. Oer tritich jier soe de saak dus folslein wêze; miskien wat earder at oan mear as ien diel tagelyk wurke wurde kin. Dat wa wit is der yn 2015 in folslein nij basisboek foar de skiednis fan Fryslân. It âlde hat dus noch lang net ôfdien.
De produksjewize is ferkeard-om gronologysk: diel trije sil it earst ferskine, yn 1997 is it doel. Dat is - hast - slagge. Mei tanksij it bijstellen fan de pretinsjeuze opset (der is bygl. net safolle nij ûndersyk dien) en de tiidsdruk fan it Fryslân 500-feest kin de nijste skiednis op 5 juny 1998 oan kommissaris Hermans oanbean wurde.
Dyselde deis noch hat Kerst Huisman ûnder de kop ‘Prikkelende studie over 250 jaar Friesland’ in resinsje yn de LC. Hij set posityf út ein:
De Fryske Akademy blijkt zich meer en meer tot een volwaardig wetenschappelijk instituut te ontwikkelen. De Akademy laat zien, bij voortduring in staat te zijn tot het produceren van hoogwaardige historische publicaties. En als er dan ook nog een keur van fraai gereproduceerde illustraties in zo'n boek staat, kan de in geschiedenis van dit gewest geïnteresseerde zijn plezier al haast niet meer op.
Dat like der dus op. Hoewol, dat de Akademy noch altyd in ‘volwaardig wetenschappelijk instituut’ wùrde moat, is wat al te stûf. Unôfhinklike ‘visitatiecommissies’ binne ommers al jierren wakker oer it Akademy-wurk te sprekken, mar it is fansels moai dat no ek de LC sjocht dat it minder koe.
Ek yn de twadde alinea fan syn besprek hat Huisman noch alle lof: ‘een gedegen stuk feitenkennis’ en ‘een boek, waar men niet om heen kan’. Mar dan komt it. It útgongspunt fan dit hânboek doocht net: de modernisearring wurdt net as in histoarysk ferskynsel beskreaun, ‘maar als het ware ideologisch aan de lezer opgedrongen als een soort onverbiddelijke zegening’. En dêr moat de desintralist en ideolooch fan Nieuw FoArum fansels neat fan ha:
De crux van het politieke en sociaal-economische Friese drama van de moderne tijd is het verlies van het eigen ‘foech’. Men was stuurloos en reddeloos overgeleverd aan een overheid, die in wezen pas echt ver in de twintigste eeuw belangstelling voor de noden in het Noorden kreeg, en dat ook nog maar in betrekkelijke zin. Dat aspect had een veel nadrukkelijker plaats in deze stu- | |
| |
die verdiend.
Sadwaande hat Huisman syn skôging mear wei fan in partikulier polityk statement as fan in saakkundige resinsje. Nee, dan docht syn kollega Pieter Anko de Vries it in stik better. Dy komt yn it Frysk Deiblêd fan 4 july mei krityk dy't hout snijt. Hij mist û.o. in haadstik oer de godstsjinstige ûntwikkeling, in goede bibliografy en in sakeregister, ‘eigenlijk onmisbaar in een handboek’. De Vries syn konklúzje: ‘De redactie heeft het niet aangedurfd een handboek met visie neer te leggen. Het werk is een bundel met hele acceptabele, meestal goede losse delen, maar daarom beslist nog geen goed geschiedenisverhaal.’
Michaël Zeeman giet yn de Volkskrant fan 26 juny noch in stapke fierder:
[De redacteuren] verkozen de gegevens te gaan schikken in stevig afgebakende patronen. Daarin ging het verhaal, het unieke verhaal, ten onder en daarmee de zin van hun onderneming, namelijk de mate waarin Friesland zich nu al bijna twee eeuwen wenst te bedienen van zijn eigen geschiedenis om zijn specifieke eigenaardigheid onder onze aandacht te brengen. [...] het moest een ‘officiële’ geschiedenis zijn, dus leesbaarheid was een taboe, het moest voldoen aan hoogst modieuze criteria van integrale geschiedschrijving, dus het gebruik van het gezond verstand in het samenbrengen of splitsen van thema's, problemen, gebeurtenissen of levenslopen was verboden, en het moest alle voetangels en klemmen trachten te ontwijken waarmee je in Friesland nu eenmaal wordt geconfronteerd wanneer je het over de Friese geschiedenis wilt hebben.
Wat in ûnsin. Krekt as soe Zeeman mei syn klam op ‘it ferhaal’ net like modieusk wêze (want naadleas oanslute bij de postmoderne, narrative streaming yn de hjoeddeiske skiedskriuwing). Krekt as soene de meiwurkers ûnder in soarte fan sensuer stien hawwe om tûkelteammen te ferswijen of oer te sljochtsjen (en út eigen ûnderfining wit ik better). Krekt as soenen wy anno 1998 holpen wêze mei in Fryskeigen skiednis dy't Fryslân nèt pleatst yn it gruttere ramt fan de (ynter)nasjonale ûntjouwings.
Bij de presintaasje fan it nije hânboek bleau it opfallend stil oer de stân fan saken fan de folgjende twa dielen. Hoe sit it mei de planning? Moatte wy yndied oant 2008 wachtsje op dat oer de nije skiednis?
Wiebe Bergsma: ‘Nee, ik wol yn fiif jier klear wêze. De opset sil ûngefear deselde wêze, dus sa min mooglik auteurs en in beheindtaltema's. Ik ha noch gjin minsken frege mar wol nammen yn gedachten. De redaksje is al bekend, foar in grut part deselden as dy fan diel trije. It diel oer de midsieuwen binne noch gjin konkrete plannen foar.’
De resinsjes kin Bergsma net wekker fan lizze: ‘Der binne [ein augustus] eins noch gjin serieuze kritiken ferskynd, of it soe dy yn it Frysk Deiblêd wêze moatte.’
| |
Brún noch bleat
Wyt bliuwe, nèt mear brún wurde. Dat soe trettjin simmers lyn de grutte goarre wurde. Gjin se- | |
| |
rieus trendgefoelich blêd of it hie der wol in stik oer: ‘De herwaardering van de blanke teint’ (NRC), ‘Loopt de bruincultuur ten einde?’ (HN-magazine), ‘Een wolk voor de zon’ (Vrij Nederland), ‘Wie denkt van zonlicht mooier te worden, komt op den duur bedrogen uit’ (de Volkskrant). It lêste sloech fansels op de neidielen fan it brúnbakken: de hûd wurdt hurder âld, de kâns op hûdkanker grutter.
Dat soene lykwols net de belangrykste redenen wêze foar it wer oplibjen fan de blankkultuer. Nee, no't - tanksij sinnebank, wintersport en mediterrane fakânsjes - sa stadichoan elkenien it hiele jier troch brún wêze kin, is in kleurke sa gewoan wurden dat it eins (te) ordinêr is om der noch mei om te rinnen. Wat it him permittearje kin bliuwt gewoan wyt, lykas yn earder tiden by de hegerein altiten al wenst wie. ‘De ontwikkeling zal via het badpak, dat weer echt functioneel zwempak wordt, naar zeer luchtige, het lichaam volledig bedekkende strandkleding gaan.’ Sa foarsei NRC Handelsblad op 4 july 1985.
Dat foel ôf. Fan in ‘herwaardering van de blanke teint’ en mear klean oan 't liif wie it ôfrûne desennium net folle te merken. It (heal)neaken omrinnen naam krekt ta. Net allinnich op eigen hiem en bij see en swimbad, mar ek yn 'e stêd en op it wurk. Yn in koarte broek. it boppeliif leafst bleat, dat wie de simmertrend. Gjin gesicht! Al wie de bermuda noch sa fleurich of it atletykbroekje noch sa heech útsnien.
Nee, wyt wêze bleau taboe en op it strân wie neaken en bleat hast in must. Foar jong en âld. Hoewol't it gauris krekt de âlderen wienen, net mear al te geef fan hûd en hier, dy't har it meast bleat joegen.
Dat liket no doch te feroarjen. Bleat is út. It mei wol, mar it is net mear sjyk: ‘Topless is vulgair geworden.’ Neffens kultuersosjolooch Cas Wouters hat dat alles te meitsjen mei it fallen fan de Muorre en de ein fan de kollektive emansipaasje:
In deze tijd richten mensen zich meer en meer naar de gevestigde orde. Alles laten lopen, hangen en groeien staat voor chaos en anarchie. Dat zijn geen aantrekkelijke begrippen meer. De vrijheid om bloot te lopen is er, maar je neemt hem niet. Dat is chic, dat is superieure nonchalanche. Zo onderscheid je jezelf. Het sterfelijkheidsbesef van mensen neemt toe. De gezondheidscultus maakt van bruin iets gevaarlijks. (NRC 11/8/98)
It soe moai wêze at dy trend dizze kear echt trochsette en dat de tiid fan de ‘lustremmende uitstalling’ tagelyk mei dizze ieu foargoed foarbij wie.
| |
It wrâldsje te boek
Unbegryplik dat de Friese Pers Boekerij sa lang wachte hat mei it útjaan fan Sietse de Vries syn debútroman De Boargemaster. Dy lêst as in trein. Benammen ek foar redakteuren fan dit tydskrift. Sjoch bygl. side 9:
Atze is learaar Nederlânsk en Frysk op in skoallemienskip yn Ljouwert. Hy is like âld as ik en hy wurdt al aardich weak om 'e nâle. In spikerbroek en in skipperstrui binne syn deistige dracht. Hy hat lêst fan deselde kwaal dêr't ik ek jierren mei tangele west ha: hy is lokkich. Fiif jier lyn hat er mei in koart ferhaal de Rely Jorritsma priisfraach wûn, sûnt dy tiid sit er yn 'e redaksje
| |
| |
fan it literêre tydskrift Trotwaer. Hy hat noait wer in letter skreaun, mar neffens him komt dat troch al dat bannige redaksjewurk. Sûnt leit er him del by syn tsjinjende taak, mar mei in jier of wat - as de beide bern wat grutter binne en hy him miskien weromlûkt út 'e redaksje fan Trotwaer - moat syn ‘twadde kreative perioade’ oanbrekke.
Op side 110 draaft Wybren van Dijk op, skoalmaster en yn syn frije tiid stedshistoarikus en dwaande mei it organisearjen fan in iepen monumintedei:
‘Atze en Boukje leine net dwers?’
‘Nee, hielendal net. Atze is in âld-kollega fan my. En ik bin abonnee fan Trotwaer, dat hy koe min wegerje.’
Sa giet soks dus yn it Fryske literêre wrâldsje.
|
|