Keatsen, in foarm fan libjen
Josse de Haan
Pieter Breuker, Oan de bang. In samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatsbistoarje, keunst en kultuer. Eigen behear, Dronryp 1998. 248 siden. f 29.90.
Jaap Kalma wie yn myn jonge tiid mei syn Keatsen yn Fryslân’ (1961) de ekspert op it gebiet fan de keatshistoarje. Ik tink dat ik dat boek wol in tsien kear as jierdeikadootsje jûn haw oan famylje en freonen. Yn 1972 ferskynde in (feroare en útwreide) edysje yn it Nederlânsk. Noch earder lies ik alles oer it keatsen fan Jan van der Mei yn de Frjentsjerter Krante en ek de stikken fan Kees Roersma yn syn krante. Pieter Breuker skriuwt yn syn nijste boek dat se by har thús op freed fochten om de krante fan Roersma. Ja, ik werken dat. Oerdeis keatsten jo yn de lytse doarpkes en jûns liezen jo oer dat keatsen.
Breuker is trochgongen, mei lêzen fansels, mar ek mei it skriuwen oer it keatsen.
Foar my is hy de opfolger wurden fan mannen as Jan van der Mei, Kees Roersma en Jaap Kalma. De ekspert fan hjoed de dei. Ik nim oan dat syn lêste boek dan ek Alles oan de hang hite sil. Ik ferwachtsje noch in soad.
Dêr't Kaatsen, lange traditie, levende sport, it grutte standertwurk oer it keatsen dat ferline jier ûnder einredaksje fan Breuker ferskynde, in objektyf beskriuwen fan de wurklikheid besiket te wêzen fan it keatsen as sadanich (doe en no), dêr befettet Oan de hang mear subjektive ferhalen. Achter de man fan it ûndersyk en de feiten komt no ek de persoan sels nei foaren. In oar boek dus as Keatserstaal (1983) en Boppe, in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer (1987), dat ik oars wol prachtich fûn (sjoch myn kommentaar yn Trotwaer 1987-4).
Breuker hat in seleksje makke út de lyts hûndert artikels, kommentaren, lêzingen en essees dy't er de ôfrûne tweintich jier makke hat. De measte hawwe yn Wis-in stien, it moanneblêd foar en fan de keatsers.
It boek is yndield yn acht tema's. It earste en lêste haadstik slute op elkoar oan mei't se in persoanlik útgongspunt beskriuwe en in foarútsjoch yn de tiid jouwe. Mei oare wurden, de skriuwer makket dúdlik, dat it keatsen yn al syn fasetten foar him in foarm fan libjen is. Mei syn wittenskiplike ynstelling en syn flotte wize fan skriuwen hat dat mei-elkoar foar in ryk boek soarge. Foar amateur en profesjonal, foar dogger en lêzer, mar foaral ek foar de literatuerleafhawwer. Mear as de helte fan it boek giet oer ‘keatsen yn taal, literatuer, keunst en kultuer’. Der dêrmei slút de skriuwer sûnder naad oan by Boppe.
Yn it earste haadstik leit Breuker syn ‘Credo’ del oangeande de keatssport en alles wat him dat-