In hieltyd op te roppen argyf
Benny Holtrop, De smaak fan narkoaze. Koperative Utjowerij, Boalsert 1998. 158 siden. f 27,50.
Margryt Poortstra, In soarte fan swijen. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 1998. 130 siden. f 24.50.
Yn in koart ferhaal kin in skriuwer net folle ferklearje, hy moat him tefreden stelle mei allinnich mar oantsjutten. Om 'e romte kin er net folle útlizze, karakters opbouwe of in plot ûntwikkelje. In soad skriuwers mislearje yn dizze skoalle foar akrobatyk, in pear mar komme it sloppe koard oer. Margryt Poortstra en Benny Holtrop binne beide sokke faklju. Hja behearskje de foarm en witte hoe't se dy brûke kinne. Poortstra is wat betûfter, nimt ek mear risiko's as Holtrop, mar hja sjocht soms wat te min nei ûnderen, nei it publyk.
Benny Holtrop hat yn De smaak fan narkoaze achttjin ferhalen bondele, dy't er tusken 1991 en 1997 skreaun hat. De folchoarder is gronologysk. De moaiste ferhalen binne dy oer in jongeslibben, dat bepaald wurdt troch it feit dat de heit Deutschfreundlich wie. It is itselde tema dat Holtrop ek yn In appel foar ûnderweis brûkte, mar hy kin der noch genôch kanten mei út. Sa yn fragminten ferteld is it mooglik sa ynkringend wol.
Ek yn it oare wurk binne de haadpersoanen meast kwetsbere minsken, dy't har net hielendal konformearje kinne. Dizze ferhalen hawwe lykwols minder glâns as dy oaren, al binne se technysk like goed skreaun.
De trettjin ferhalen, dy't Margryt Poortstra yn In soarte fan swijen by inoar brocht hat, binne neffens har útjouwer ‘inte op it tema taal’. Se soene gean ‘oer wurden dy't har net sizze litte wolle’. Soks klinkt nochal pretinsjeus, as in dichter dy't ek wolris eefkes proaza skriuwe sil. Aldergelokst falt it ta.
Poortstra skriuwt prachtich subtyl en der ûntkomt har gjin nuânse. Wat se beskriuwt is meastentiids sa helder as kristal. In inkele kear wurdt se wat dizich, dan wurket se gjin ferhaal út mar lit se de wurden streame (bygelyks yn ‘Taal’, ‘Spoar’ en ‘Moaie wurden’).
Sjoen ek de titels dy't Poortstra de twa skiften yn it boek jûn hat, ‘It lûd fan lústerjen’ en ‘Tiid en it gewicht fan wurden’, liket it der op dat sy sokke poëtyske stylympresjes nijsgjirriger fynt as har oare ferhalen. It soe lykwols ivich spitich wêze as har wurk dy kant útgean soe. Har kracht leit by mear konkrete ferhalen as ‘Iisblommen’, ‘Goudene knoopkes’, ‘De rolstoel’ of ‘Knippe en skeare’ (om mar ris in pear te neamen). Dy binne fan sa'n grutte klasse, dat elkenien, dy't witte wol hoe't in perfekt koart ferhaal skreaun wurde kin, se lêze moat.