wurde, liket my tefolle sein. In lichtfuottich ferhaal kin men dit, lykas de measte oare ferhalen út de bondel, beslist net neame, al ûntbrekt de humor net hielendal, sa as bliken docht út it niiskrekt oanhelle sitaat. Dat de ikfiguer nei de botscan alles neame moat wat der oait mei har bonkeboel bard is, soarget foar in komysk kontrast tusken in opsomming fan futiliteiten en de earnst fan it ûndersyk.
Op de achterflap stiet in fragmint út it ferhaal ‘Kikkerts dogge neat’: in famke wurdt troch har sadistyske buorjonge twongen de kop fan in kikkert troch te slokken. It is it twadde ferhaal út de bondel en mei it earste ferhaal ien fan de bêste. Dêrnei sakket it allegear wat ôf. Benammen it tredde diel is de slappe kant neist: lytse ferhaaltsjes oer lytse dinkjes, dêr't je as lêzer net folle fan bybliuwt, ek omdat in aardige of ferrassende ‘pointe’ meastal ûntbrekt. De oplossingen dy't de skriuwster oandraacht foar de problemen dy't hja yntrodusearret, binne te maklik en dêrtroch wat flau. Ik jou in pear foarbylden:
‘De krêft fan in stâlpantsje’ - Probleem: Selma fersoarget har âlde buorfrou Afke. Op in dei hat se skjin har nocht en keart it stâlpantsje dêr't Afke út sit te iten, op har holle om. (Oant safier rint it ferhaal as in trein. It docht jin tinken oan de skerpte en it synisme fan Hylkje Goïnga. Mar dêrnei wurdt it eamelich:) De haadfiguer makket in lange kuier om stoom ôf te blazen. As se weromkomt, is Afke ferdwûn: mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Oplossing: Nei in wike siket Selma har op. Afke hat it bêst nei 't sin yn it sikehûs en fertelt oars neat as loovjende ferhalen oer Selma.
‘En no wit ik it noch net’ - Probleem: Ikfiguer krijt klapbân. Frachtweinsjauffeur tilt - sûnder har tastimming - fyts yn 'e laadbak en twingt har sa om mei te riden. Oplossing: Yn har doarp springt se út 'e frachtwein. Twa oeren letter komt sjauffeur oan hûs mei fyts en in bosk blommen.
‘Dêr gie it mis’ - Probleem: Rúzje tusken mem en dochter. Mem wiist dochter de doar. Dochter mei lilke kop fuort. Mem sit der wakker oer yn. Oplossing: In oere letter komt dochter wer werom en is de frede sletten.
‘Thúskomme’ - Probleem: It jonkje Yde wol yn it sikehûs bliuwe. As er nei hûs ta mei, krûpt er by ien fan 'e susters yn 'e auto. It docht bliken dat Yde twa jier lyn in broerke ferlern hat. It jonkje wie noch mar njoggen moanne. Yde syn mem kin har net losmeitsje fan it fertriet. Oplossing: Fan it foarfal mei Yde hat mem leard dat it oars moat.
Dat lêste ferhaal - mei syn sentimentele ynslach fan begrutlik berntsje en begrutlike mem en it weake happy end - soe in senario wêze kinne foar in ‘tragikomyske’ Amerikaanske tv-film, kompleet mei it wyslike berntsje dat op fermaaklike wize útspraken fan folwoeksenen yn 'e mûle nimt: ‘As de karre by in boks stean bleau, sprong er der ôf, skeat it keammerke yn, makke in bûginkje en frege heel eigenwiis: ‘Wat mei it wêze? Roosvicee, molke of sûpe?’
Sa'n gegeven is ek prachtich foar in hertferskuorrende jankfodde, mar as soks ‘ynkringend’ en ‘tagelyk lichtfuottich en mei humor’ be-