Unoantaastber bewûnderje? (17)
Josse de Haan
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Angela Davis, de striidster foar rjochten foar swarten yn de Feriene Steaten, sei ein sechtiger jierren sa likernôch yn ien fan har essees: ‘As jo swart binne, as jo frou binne, as jo kommunist binne, hawwe jo it swier yn dit lân fan de WASP-lju (White Anglo-Saxon Protestant), mar as jo dy trije kategoryen yn ien persoan ferienigje, lykas ik, dan hawwe jo mar twa mooglikheden: a. Jo hâlde jo nederich en meitsje jo heel lyts, jo jouwe út soarte gjin oanstjit, jo slikje de kullen fan de wite wasps, en jo besykje jo uterste bêst te dwaan om te oerlibjen; b. Jo wurde revolúsjonêr en lizze ferbiningen mei oare frijheidsstreamingen yn de wrâld. Ik haw keazen foar dat lêste.’
Foar Angela Davis haw ik in grut respekt hân, foaral nei't ik in lêzing fan har bywenne hie yn Amsterdam oan de ein fan de sechtiger jierren. Guon sille har fêst bewûndere hawwe, miskien wol ûnoantaastber, mar dan geane jo eins de kant út fan it blyn en kritykleas oanbidden. Foar Davis soe soks in mislediging wêze, want dy woe no krekt de diskusje en de striid oangean. Davis woe gjin god wêze, en helendal gjin goadinne fan de frijheidsstriid.
As in skriuwer immen ûnoantaastber bewûnderet ferliest er syn krityske mentaliteit, dy't ynherint is oan it skriuwen. Hy wurdt in slaaf fan de ljochtkrânse dy't er sels op it bewûndere objekt setten hat. Soks kin it begjin wêze fan fanatisme en fundamentalisme, want owee dyjinge dy't dy krânse yn de fik sette wol. Dan komme se moarns betiid út de rioelen omheech en helje dy op, want minsken dy't net bewûnderje en der de foarkar oan jouwe om sels te tinken, binne gefaarlik foar it (bewûndere) systeem. Angela Davis hat it allegearre oerlibbe. Edgar Hoover, har FBI-opponint, is letter syn ljochtkrânse kwyt rekke en troch waspkoer fallen.
Ik bin bang dat Fens op 'e weromreis is nei syn ‘roots’ en in redaksje dy't soksoarte fan útspraken as útgongspunt nimt foar koarte ‘literêre’ stikjes soe ek ris neitinke moatte oer de symptomen fan it unoantaastber bewunderjen. De leden binne op 't lêst ek allegearre (wite) WASPen.