Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 236] [p. 236] Durk van der Ploeg Outcast I Foarsafier't men in byld fan ús hat, it leit bûten tiid en tiding. De folksmûle, it meast gapske wurdboek, leit ús op 'e drompel fan de ferdomden. Wat dêroan folget hat ús de moaiste nammen jûn: dakleazen, strjitrotten, nimmennetten. Wy hawwe altyd west dy't wy wiene; gedaanten yn de wjerspegeling fan oarmans fermoedens. [pagina 237] [p. 237] It ljocht liicht net en gedachten binne bûchsum as read koper. Wy bûge ús nei de werklikheid as de hûn nei syn fretten. Us hân nimt net. Us hân fynt. Nimmen sjocht ús. Nimmen wit fan ús wegen. Wy krûpe. Elk rûkt de hoalen en rioelen dêr't wy de nacht trochbringe ûnder karton en teknûkere krantenijs dat de oerfloed achtleas efterliet. [pagina 238] [p. 238] Us waarmte is kjeld. Us gewisse it tsjindiel fan de publike ûnderstellings. De nacht, in sigerich stasjon, bewarret in seldsume stilte mei metalen kommando's. Wurch mar wekker begjint ús dei mei in sigaret, in slok oerbleaun yn 'e flesse fan in foarich libben. En dan de tôch fan it lichem nei de automaat. De sosjale jildfretter dy't gastfrij gûchelt. [pagina 239] [p. 239] II De stêd in gesticht. Middeis leist needlottich op it finansjeel deiblêd yn it park te sliepen. Jûns tinkst dat immen dyn freon is, om't er dy om in sigaret freget. Lit nimmen sjen datst jild hast. Eangst driuwt as in fantoom troch it tsjuster. De wierheid seurt net. Do hast alles en neat. Dyn hân, trochsliten fan lytsjild, bevet earm mar frij. [pagina 240] [p. 240] Draachst dyn hert op it plak dêr't in oar syn hûs wit. As in swarte fûgel hipst oer it hiem fan de wetjouwer. Dyn sykjen giet nei skealike úthoeken; it skaad fan stegen en brêgen. Gjin heroïnehoer dy't dy hyndert. Dyn gewisse fielt as in waarme tonge oan it befêrzen izer fan in doarsklink. Alle dagen komst de freonlikens fan de dea temjitte. [pagina 241] [p. 241] Do komst net lykas miggen op it ljocht ôf. It soe dy skroeie. Mijst spegels op iepenbiere toiletten om net te sjen wa'st wiest. Dyn lichem tilt de sûchkrêft fan de ierde. Flitich trochrûne fuotten yn beblette skuon. Ynstinkt hâldt dy yn beweging. Hormoanen bestjoere dyn libben. Gjin fjoer sil dy baarne, gjin grêf dy bedjipje. In kâlde noardewyn blaast rouwich nei dyn fynplak. Vorige Volgende