Unoantaastber bewûnderje? (16)
Steven H.P. de Jong
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
De Belgyske dûmny K. Fens hat himsels gjin deugd dien mei dizze útspraak. It libben sit nammentlik fol dingen dy't men ûnoantaastber bewûnderje moat: blommen, fjoerwurk, wolkeloften, lânskippen, moaie froulju (al binne dat gjin dingen), slagge keunstwurken ensfh. Ien dy't mar in pear dingen bewûnderet, moat wol in uterst bekrompen geast wêze dy't him monomaan rjochtet op syn eigen soere prûmen.
Wat ik mei de rest fan it preekje moat, wit ik net. Ik besykje altyd nederich te wêzen en myn bêst te dwaan, mar...