fan de novelle foarmet de striid fan Martha om út it fersoargingshûs te bliuwen en it krewearjen fan har dochters Janna en Geeske om har no krekt wol yn dat sintrum te krijen. Martha moat belies jaan en de novelle set út ein as Martha al yn it hûs foar âldere minsken sit. Ut it perspektyf fan Martha wei wurde al ridlik gau de brike setten en fiten beskreaun.
De Martha út Myn sigeuners jout op in net al te ortodokse wize taalles oan in allochtoane famylje. Mei omdat Martha de lessen oan hûs jout ûnstiet der in hechte bân tusken har en de asylsikers. Mar nei twa jier is de Joegoslavise famylje útprosedeard en wurdt dúdlik dat Frouwe Justitia sterker is as ‘Frou Martha’: ‘Se binne fannacht ophelle, om fiif oere, mei in plysjebuske. Se krigen in healoere de tiid om de klean oan te dwaan en wat dingen by elkoar te skarreljen. Ik tink, dat se no al yn it fleantúch sitte Joegoslavië.’ (s. 24)
It aspekt fan ambivalinsje komt ek yn dizze beide ferhalen wer nei foaren. De Martha yn Nei it park klaget oer fan alles en noch wat, se wol út noch yn net yn it fersoargingshûs. Mar se fertelt har problemen no krekt oan dy figueren, har dochters bygelyks, dy't as doel hawwe ‘Mem Martha’ plak te jaan yn it sintrum foar deminte âlderen. De nuvere, healwize ferklearrings dy't Martha jout om har dwaan en litten te ferklearjen, leit nochris ekstra klam op har machteleazens.
Yn Myn sigeuners, besiket Martha om wat oan de útsichtleaze posysje fan de asylsikers te dwaan. Mar se docht dat krekt by in ynstânsje, de frjemdlingeplysje, dy't der letterlik foar soargje moat dat de Joegoslavise famylje it lân út moat: ‘De man sei it koart en dúdlik: Se mochten net bliuwe. Alle fersiken wiene no definityf ôfwiisd.’ en: ‘Se krije in paspoart foar in inkele reis nei Macedoanië. De plysje hellet se op en bringt se nei Skiphol. Yn Joegoslavië fangt de plysje dêre se op en bringt se nei it plak dêr't se weikommen binne.’ (s. 23) Troch de naïve wize fan fertellen makket Martha dúdlik, sûnder dat se dêr sels nei stribbet, hoe't de ferhâldingen lizze en wêr't it neffens de skriuwster ferkeard giet.
Wadman skreau yn syn krityk dat Nei it park trekken fan humor fertoant, mar dat it in humor fan skyn is. ‘Want yn wêzen is it tragys. De tragyk fan immen dy't te âld achte wurdt om noch te wêzen dy't er wêze wol. En dy't dat miskien ek wol is. De oplossing dy't foar Martha fûn wurdt is de ferkearde, mar tagelyk de iennichst mooglike.’
Dat de styl fan Goïnga sa pakkend is komt tinkt my benammen troch tal fan (tragi-)humoristise eleminten. Ut beide ferhalen in priuwke fan dizze hilaritas. Earst ien út Nei it park:
‘Ik traktearde mysels op in advokaatsje. Dat hie ik noch stean. Ik hâld net fan drank en sa, allinnich sa no en dan in advokaatsje, dat fyn ik lekker. Ik wie de dei goed begûn en sa woe ik him ek einigje. As jo ienkear oan it leppeljen bine, leppelje jo mar raak en ik mei der wol brij fan, sa'n fleske is samar leech.’ (s. 9) It gefolch fan Martha har ‘leppeljen’ is dat dokter har op bêd bringt en de gerdinen ek noch ticht docht. ‘Ik doarst net te sizzen, dat ik altyd sliepte mei dy dingen iepen. Dat ik waard let, let wekker, omdat it noait ljocht waard.’ (s. 10)