1998: in tebekslach
It is spitich dat, krekt no't ik op it idee kaam om in fergeliking te lûken tusken de iepenloftspultradysjes yn Diever en Jorwert, yn gjin fan beide plakken fan in hichtepunt sprutsen wurde kin.
Diever spile fan 't simmer foar de fiifde kear De getemde feeks (The taming of te shrew, yn de wat stive Fryske oersetting fan Douwe Kalma De fekke nuet). It stik oer de fûle, striidfeardige en alle manlju trotsearjende Katharina, dy't belies jaan moat tsjin de selsbewuste, hurde en wrede Petruchio, dy't alles wat him yn de wei stiet om dizze frou te feroverjen resolút fan him ôfskoddet, kin in grut sukses wêze as it mei feart en faasje spile wurdt.
Yn Diever mankearre it dêr, wat de beide haadrolspilers oanbelanget, net oan. Alle registers koene iepenlutsen wurde yn dizze striid tusken man en frou. Mar yn de fierdere besetting sieten nochal wat swakke plakken. Ien fan de útsûnderingen wie Christoffel Sly, de sûplap dy't as lord ferklaaid op komyske wize ynfierd wurdt yn dit ‘toanielstik yn in toanielstik’.
De getemde feeks, dat troch Shakespeare yn syn jonge jierren skreaun waard, is wat lang en tsjintwurdich moat it winliken yn ferkoarte foarm spile wurde. Dêr hat men yn Diever net oan wollen; krekt oarsom, der is hjir en dêr wat oan tafoege. Spy wurdt ek yn it lêst noch op komyske wize yn it stik ynfierd, mar dêr hie it weilitten fan wat oare tekst tsjinoer stean moatten. Benammen omdat net alle spilers hielendal meikomme kinne, seach ik yn Diever op it lêst wol nei de ein út.
Itselde oerkaam my yn Jorwert. Dêr waard yn de neisimmer in rige opfieringen jûn fan Slauerhoff & Jorwert, skreaun troch Gerrit Jan Zwier. It libben fan de skipsdokter en ferneamde dichter, dy't hûndert jier ferlyn berne waard, wurdt útbylde yn in grut oantal sênes. Dat is in foar de hân lizzende foarm, mar dy liedt net maklik ta in dramatyske en spannende ûntjouwing.
De produksje hat it meast fan in musical: muzyk, solo- en koarsang en ballet binne wichtige