Unoantaastber bewûnderje? (15)
Auck Peanstra
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Alle kearen as ik dy útspraak lies, tocht ik: ik hoopje dat se my noait freegje om hjir op te reagearjen, want ik kin der neat mei. Unoantaastber bewûnderje, allinne dat wurd ûnoantaastber al! Unoantaastbere dingen binne dingen dy't op in fuotstik stean, feilich weiburgen yn in fitrine en net te berikken. Sokke dingen meitsje my net ‘nederig’, ik fyn it prachtich, mar it komt fan in oare planeet. Krekt dy dingen dy't taastber binne, kinne my sa ferwûnderje: in moai boek dat ik fiel, rûk, lês en dat my oan it tinken set; achter in gleske seit it my neat. In ferneamd skriuwer, dy't krektlyk as oare minsken by de Hema in bakje kofje drinkt en oer it waar praat. Sokke dingen, tichtby mar ek sa fierôf.
En dan dat twadde part: ‘dat houdt je zelf nederig’. Je nederich fiele hat mei macht te krijen. Dimmene minsken wurde twongen om harsels altyd as de mindere te sjen. Sokke dingen kin ik net oer. Alle minsken binne lykweardich, we ha allegear wat meikrigen en allinne mei kriich en in bytsje gelok kin de iene der mear mei dwaan as de oare. Je nederich fiele is neffens my net in sûne saak, je moatte yn je sels leauwe, dat stimulearret jo om je best te dwaan.