Jorwert hat wat mystyks, ek sûnder it boek fan Geert Mak. Jorwert hat de moaiste kroech fan Fryslân. En der is fansels mar ien notaristún. Ek is der hieltyd dat skitterjende dekor fan Beb Mulder. Dit jier by Slauerhoff en Jorwert noch ferrassender as oars. Der binne yn Littenseradiel in tal spilers, dy't in hiele foarstelling drage kinne (Douwe de Bildt bygelyks, haadrolspiler yn Anatevka, en no de doarpsgeast).
Mar men is hjir fan betinken dat it elts jier grutter moat en mei noch mear heisa. Wêr bedarje wy, kommisje? By Cats, Zorba de Griek, Phantom of dochs mar Joe? It tal boeiende musicals is beheind, of de rjochten binne net te beteljen. ‘Wêrom net werom nei de basis, gewoan in prachtich toanielstik?’ haw ik frege. ‘Omdat it publyk dit fan ús ferwachtet,’ wie it andert. En sa driget in artistyk ûndernimmen te ferwurden ta in útdijend, kommersjeel súkses.
Ik leau it net. Jorwert sil altyd hype bliuwe, sels al wurdt der wat oars spile, sûnder sjongen en dûnskes. Lyk as de P.C. - de kaarten binne moannen fantefoaren al ferkoft - sil Jorwert altyd it plak bliuwe dêr't de minsken komme sille en potinsje hawwe se dêr oer en tefolle.
It is my net yn tank ôfnommen dat ik foar Omrop Fryslân net sa ferslingere wie oan Slauerhoff en Jorwert. Ommers, de Ljouwerter en it Deiblêd fûnen it wól prachtich. Mar ja, ik fûn Twa fan Tryater bygelyks prachtich, wylst de Ljouwerter negatyf wie. Krityk jaan is en bliuwt in kwestje fan persoanlike smaak en eigen witten.
Dochs bliuw ik der by, dat wannear't Slauerhoff yn it stik ferstoarn is, de sàn sênes dernei folslein oerstallich wiene, dus wer wie it stik in healoere te lang. Op it hurde bankje - met leuning, dat wol - betocht ik: ‘Ik zit mij hier op 't bankje onnoemelijk te vervelen. Nu gaan ze het eind van Slauerhoff nog zeven keren spelen.’ Mar soks seit men net.
Der sit gjin dramatyske ûntjouwing yn it stik. Oer de persoan Slauerhoff is in boek skreaun fan likernôch 700 bledsiden. Dat sil Gerrit Jan Zwier grif lêzen hawwe. Wêrom dan net dúdlik meitsje dat dyselde Slauerhoff noch in gruttere botterik wie as yn it stik nei foaren komt? As syn kollegaskriuwers ôfskie fan Slauerhoff nimme, wêrom dan net ferteld, dat hy by Du Perron de earste drukken út de boekekast reage en der bledsiden útskuorde? En werom net oanstipt dat hy mei opsetsin it houten oanrjochtblêd fan Roland Holst skeinde mei in droechsiedende tsjettel? Ik neam mar wat. En de dramatyske fraach, wêrom't er sokke ûnhuere fiten úthelle, waard yn Zwier syn skript net steld.
As se my fregen yn Jorwert, soe ik sizze: ‘Gean werom nei de woartels, want wêr is de ein?’