Unoantaastber bewûnderje? (14)
Saakje Huisman
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je bêst doen.
Kees Fens
Bewûnderje, it kin patetysk lykje. Ik brûk derom leaver ‘respekt hawwe foar’. ‘Nederig’, bedoelt Fens dêr ‘je minder fiele as in oar’ mei? Wat levert je dat op? Yn 'e betsjutting fan ‘beskieden’ is it noch wat, mei it doel: iepen stean foar in oar, foar oare dingen, jinsels even minder belangryk fine.
‘Onaantastbaar’ hâldt yn dat je net mear kritysk tinke meie, in statysk wurd, stilstean. Gefaarlik soks, je kinne it grutte ferbân/gehiel út it each ferlieze. As lêste Fens syn konklúzje: ‘dan blijf je je best doen’. Is dat in driuwfear om te bewûnderjen? De motivaasje om jins bêst te dwaan komt liket my út leafde, belutsenheid, ymponearjen, kontrolearjen of macht ha wollen, wei.
Miskien wol Fens fêst hâlde, stil stean, mar dat stiet dan wer heaks op it feit dat er trochgean wol syn bêst te dwaan. Earlik sein tink ik dat er sels ek even net wist wat er sei. Dat er it wurd ‘onaantastbaar’ graach brûke woe, om't it wol mysterieus oerkomt en doe hat er der noch mar wat oan fêst breide. Hat er faker lêst fan ymponeartwang? Wa is dy Fens?
As er sein hie: Je moet altijd, vind ik, in je leven voor een paar dingen respect houden, want dat houdt je bescheiden, dan hie it moai genôch west. Mar dat sil him wol te simpel west hawwe. Wat je zegt ben je zelf. Hy wol sels miskien ek ‘onaantastbaar’ bewûndere wurde en dan moatte wy him nederich yn 'e mjitte komme tink. De groeten. Ik priuw der wat fan projeksje yn.
Oer bewûnderjen yn relaasje ta it skriuwen:
Respekt hawwe is by my net ‘onaantastbaar’. It is de fraach hoelang't respekt hawwen duorret. Fyftjin jier lyn wie ik wei fan Hermann Hesse. It boek Siddhartha wie myn evangeelje. Doe't ik it ferline jier wer lies, koe ik der net trochhinne komme. Skriuwers, dy't ik heel goed fyn, ûndersykje ik op har talint, ik wol der in finger op lizze kinne. Ik wol de keunst begripe. Mar ik lit se los as ik sels skriuw.
Ik tink dat it boeiend is dat neat onaantastbaar is. Wy Friezen hawwe der net iens in wurd foar, dat seit al genôch.