[Nummer 5]
Altyd wat!
Trijejierliks geëarmoed
Tr. Riemersma
It liket wênst te wurden om sadree't de winner fan 'e Gysbert Japicxpriis oanwiisd is, buorkundich te meitsjen dat ‘ik it hjir net mei iens bin, want dy-en-dy hie him ha moatten’. De Ljouwerter Krante hat der tige niget oan om yn in pot mei stront te rieren en skillet hjir en dêr hinne om mooglike ‘net-mei-ienzers’ te finen. Reboelje is prachtich, en benammen as jo sels bûten skot bliuwe kinne.
It effekt fan ditsoarte gedoch is dat wat in feestlik barren wêze moatte soe, yn 't foar ferpest wurdt troch in stjonkende walm fan wangeunst en krinterichheid. Ynstee fan bliid te wêzen mei de priiswinner wurdt wat sunich preuvele fan ‘no ja miskien wol terjochte, mar ik hie leaver...’ It moat Piter Boersma goed yndruid wurde dat de priis him net takomt en dat er dy allinnich mar te tankjen hat oan in advyskommisje dy't net op syn plak wie. Fynt er eins sels ek net dat Durk van der Ploeg de priis ha moatten hie? doar de Ljouwerter Krante him te freegjen.
Dat is it effekt: de boel yn 'e bulten. De kritikasters soenen sa rojaal wêze moatte om ta te jaan dat soks dan grif ek har bedoeling west hat.
O, ik leau bêst dat se miene stjoerd te wurden troch de meast nobele bedoelingen. Mar wat berìkke se foar nobels mei dy nobele bedoelingen? Neat. Har iggewearjen hat in negative útkomst, de glâns fan it feest wurdt weinommen en Piter syn dei wurdt bedoarn. ‘Mar sa hawwe wy it net bedoeld!’ Nee, dat sil 't wol - mar wat telt is it effekt:
Durk van der Ploeg kin de de Gysbert Japicxpriis wol ferjitte. Syn supporters hawwe it no wol foargoed ûnmooglik makke dat er dy ea noch krijt. Gjin inkele takomstige advyskommisje sil de skyn op him loegje wolle dat er him ûnder druk sette litten hat troch de Steenmeijer-Terpstralobby. It stomste wat men dwaan kin is in sjuery foar de fuotten rinne.
It soe al in grut wûnder wêze as de advyskommisje in wurk foardroech dat elkenien op nûmer ien hie. Minsken hawwe útienrinnende smaken en foarkarren en dat jildt ek fan 'e kommisjeleden. Men kin net mear ferwachtsje as dat de kommisje him oan it reglemint hâldt en in boek oanwiist dat ta de top-tsien heart. Yn dit gefal is dat sa, de resinsjes wize út dat It libben sels ta de bettere boeken rekkene wurdt. Dat ‘ik’ leaver in oar boek bekroand hie en dat in oare advyskommisje faaks in oare oanbefelling dien hawwe soe, docht net ta de saak.
De krityk dy't guodden hawwe is ek net dat de