Lida Dykstra (1961) is keunsthistoarikus. Wurke by de Stichting Monument van de Maand en it Museum Joure. Wûn yn 1993 mei it fers ‘Mûzenêsten’ de Gouden Pen fan de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen. Debutearre in jier letter mei it berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Publisearre dêrnei noch trije Fryske en twa Hollânsktalige berneboeken, koarte ferhalen en lesmateriaal. Skreau dit jier it Aksjeboek foar de Bern. |
|
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. |
|
Lolkje Hoekstra (1968) is redakteur fan Trotwaer. Skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Brûkt it Frysk en it Nederlânsk en wurdt yn beide talen publisearre c.q. spile. Krige foar twa ferhalen de Rely Jorritsma-priis (1994 en 1995), wûn yn 1993 de earste AFUK-jongereinpriis. Wennet yn Grins en wurket by Albert Heijn as fleisspulfamke. |
|
Benny Holtrop (1938) bedarre nei 24 jier ûnderwiis yn 'e skriuwerij. Folge ferskate kursussen om de technyk ûnder de knibbel te krijen. Hat wol ris it idee dat oaren syn skriuwen serieuzer nimme as hy sels. Skriuwt it leafst ferhalen en gedichten; in roman is him eins te mânsk. Skreau ek foar toaniel. Publisearre fjouwer proazaboeken en fjouwer dichtbondels. Wûn seis Relyprizen, de Stellingwerfske Oolde Pookpries en de Hearrenfeanster Gouden Pen. |
|
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is redakteur fan Trotwaer en it jierlikse Strikelboek. Skriuwt kritiken en kommentaren. Wurke mei oan de yn juny ferskynde Skiednis fan Fryslân 1750-1995 / Geschiedenis van Friesland 1750-1995. |
|
Reitze J. Jonkman (1957) is wittenskiplik ûndersiker en learaar Frysk. Wie redakteur fan De Stiennen Man en MEAR oer fryske taal en kultuer. Skriuwt foar ferskillende kranten en tydskriften oer taalsosjologyske en taalpolitike ûnderwerpen. Publisearre mei Durk Gorter Taal yn Fryslân op 'e nij besjoen (1995). |
|
Teake Oppewal (1952) is koördinator literatuerbefoardering by it FLMD en foar noch in pear oeren wyks dosint skiekunde oan it Friesland College; gearstaller (mei Pier Boorsma) en ynlieder fan de Spiegel van de Friese Pozie van de zeventiende tot heden (1994). Organisearret û.o. skriuwkursussen en alle jierren yn febrewaris de Provinsjale Skriuwdei. |
|
Durk van der Ploeg (1930) wurke as typograaf en opmaakredakteur, siet yn de redaksje fan De Tsjerne, De Stim fan Fryslân en Frysk en Frij, skriuwt kritiken foar de Ljouwerter Krante, publisearre gedichten, novellen, romans en ferhalen, û.o. In bit yn 't iis en Gjin plak op ierde (beide 1996) en Skepsels fan God (1998). |
|
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Publisearre yn it Frysk de dichtbondels Gearslach en De twirre yn 'e tiid. Yn it Nederlânsk ferskynde fan har De Hengstenvrouw. |
|
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres. |
|
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje. |
|
Cornelis van der Wal (1956) is dichter, kritikus, okkultist en terrorist te Grins. Yn 1991 ferskynde syn earste bondel In nêst jonge magneten, dêr't er yn 1993 de Fedde Schurerpriis foar krige. Hy die yn 1997 mei oan Poetry International en yn dat jier kaam ek syn twadde bondel, Sinnestriel op it offermês, út. |