Trioel
Sil Fryslân Fryslân bliuwe?
Piter Terpstra
Wetterskip Fryslân. Nettsjinsteande de protesten is dy namme fêststeld. It koe ek net bêst oars want de provinsje hat sûnt koart deselde namme. Dy wurdt trouwens noch lang net algemien brûkt en op it Provinsjehûs hat net elkenien der frede mei. De tillefonist(e) meldt him/har mei: ‘Provincie Fryslân, goedemorgen.’ Yn it tillefoanboek stiet ‘Provinciaal Bestuur van Fryslân’.
It algemien ynfieren fan de Fryske namme sil wierskynlik noch hiel wat mear tiid freegje as destiids by in oant no ta lyts tal plak- en gemeentenammen it gefal wie. It hat lang duorre ear't dy ûnder de offisjeel fêststelde namme (earst ek noch fia in omwei) yn it tillefoanboek kamen. Yn de gemeentehuzen wurdt de tillefoan no ek oannommen mei bygelyks: ‘Gemeentehûs Gaasterlân-Sleat, goeiemoarn.’ In foarbyld dus foar it Provinsjehûs.
Fan de media is Omrop Fryslân fierwei it meast taalbefoarderjend en wat de provinsjenamme oanbelanget hoegde dêr fansels neat te feroarjen. De deiblêden en tydskriften kamen al foar in kar te stean. It wie hiel apart dat Kijk op het Noorden, ‘maandelijks signalement van het economische, culturele, maatschappelijke en recreatieve leven in Noord-Nederland’ foarop rûn. Fuort neidat de Steaten it beslút nommen hiene, waard de namme Fryslân yn de kolommen ynfierd. (Ik haw dêr as âld-redakteur perfoarst gjin ynfloed op hân.) Letter hat de redaksje foar it ferstân krige dat it blêd in grutte útsûndering foarme en no wurdt de namme Friesland wer brûkt.
Dat Friesland Post net Fryslân Post wurde soe hie ik fan de Friese Pers Boekerij wol ferwachte, mar dat de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad net op Fryslân oergien binne falt my raar ôf. In ferlechje fan inkele redakteuren fan de LC is dat de nammen fan û.o. Wenen, Parijs en Berlijn ek yn it Nederlânsk skreaun wurde. Mar dat binnen mar in pear gefallen. Fan Königsee wurdt net Koningsmeer makke en fan FrauenKirche net Vrouwenkerk.
By it FD wurdt de namme Fryslân allinne brûkt yn ferbân mei provinsjale bestjoerlike saken. Fierder bliuwt it Friesland.
It is dúdlik: de beide Fryske deiblêden wine har der foar wei. Se doare it net oan. En sa sjitte se tekoart yn it begelieden fan de ynfiering fan de nije Fryske namme. Se stiene noch achter de Fryske doarps- en gemeentenammen, mar dit giet harren te fier. Kinne se noch wol pleitsje foar de rjochten fan Fryske taal, kultuer en ûnderwiis as se sels net konsekwint binne?
Piter Jelles Troelstra dichte destiids: ‘Sil Fryslân