Noch in útjouwer mei ien gesicht
Goaitsen van der Vliet
Nei oanlieding fan ‘Kleien en kliemen oer útjouwers’ troch Tr. Riemersma (yn it juny-nûmer en op it Net).
It wie my alris earder opfallen, mar it liket my sa ta dat it eechweid fan Tr. Riemersma him beheint ta de grins fan Fryslân. Neffens him soenen der mar fjouwer Fryske útjouwers mei ien gesicht wêze: Friese Pers (Robert Wielinga), JJ (Jan Jongsma), Frysk en Frij (Goasse Brouwer) en de AFUK (Koen Eekma). Gjin wurd oer De Oare útjouwerij (fan onderskreaune) dy't hjoed op 'e kop ou tolve-en-in-heal bestiet en sa njonkenlytsen hast fyftich, meast literêre, útjeften dien hat, wêronder tsien frysktalige. Dêrby binne der noch op syn minst fjouwer fryske útjeften op kommende wei.
Neffens Riemersma soe der trouwens ek gjin droech brea te fertsjinjen wêze mei it útjaan fan boeken... Ik moat seze dat ik der op 't heden rom fan libje.
(Reaksje Ynternetrubryk Digitaal Trotwaer, 1 july 1998)