In resinsint mei in missy
Lolkje Hoekstra
Hylke Tromp, Spikers & koppen. Koperative Utjowerij, Boalsert 1998. 138 siden. f 29.50.
‘Doe't Henk te Biesebeek my yn de hjerst fan 1990 frege oft ik as boekbespekker oan syn programma De Koperen Tún meiwurkje woe, haw ik net wegere. By alle ûnedele motiven dy't immen der ta bewege kinne syn ego te fergrutsjen troch in publyk persoan te wurden, spile benammen ek it idee, dat der oare foarmen fan literêre krityk mooglik wêze moasten as de no oant no ta wenstige.’
Sa begjint Hylke Tromp de ynlieding fan syn sammelbondel Spikers & koppen, de twadde útjefte fan de KU yn de rige DOKUTEKST. Mei dizze wurden stelt Tromp himsels in opdracht.
De earste fiif besprekken dy't net foar de fûst wei útsprutsen waarden, mar earst kreas optekene en dêrom opnommen binne, behannelje sawol De Strikel as wurk fan Rink van der Velde, Tsjêbbe Hettinga, Anne Wadman en Piter Boersma. Mei de pen fan de smoute prater faget Tromp de flier oan mei it moanneblêd, fan Hettinga begrypt er it measte net, mar dat sit him net bot dwars, en Wadman krijt in bêste reis; it boekewikepresint fan Boersma krijt lykwols in dikke acht. Mar it meast nijsgjirrige ûndersyk nei in nije foarm fan literêre krityk is de idele fertoaning dy't it besprek fan Minsken is raar guod fan Van der Velde opleveret. Tromp is de beroerdste net en skriuwt yn dy syn trant in ferhaal en lit him dêrnei bekritiseare troch de grutte Rink, dy't allerwreedst is. Skriuwt Tromp. Spitichernôch is dat kommentaar net opnommen. Ik hie der wat foar oer hân om der fan smulle te meien.
Nei dy earste fiif besprekken komt wurk fan tsien dichters oan bar. It binne mear oersichten fan har hiele oeuvre, mear typearrings fan wurk, styl en ynhâld. Dizze besprekken binne minder skerp, dochs wat minder persoanlik en sels wat autoritêr, at jo it my freegje. Tromp rjochtfeardiget dat troch te stellen dat de skriuwer sels syn skerpste lêzer is, wat ik wat slop fyn. Ik kin my skoan yntinke dat it in probleem opleveret om wêr't de artyst sels by is, mei freonen en kunde, om dan dochs de earste stelling fêst te hâlden. Seker at ien en oar noch in feestlik karakter hawwe moat ek.
Hjir twingt him de gedachte op dat de radiokrityk miskien foar publikaasje net altyd like geskikt is. Miskien lês ik yn de kritiken wol in badinearend toantsje dat er net west hat doe't Tromp se mei goudene, hertlike toan foardroech. Ik wit it net en kom der ek net mear achter. Mar benammen by de besprekken fan it wurk fan Baukje Wytsma en Daniël Daan krij ik it gefoel dat ik net graach yn dy har skuon stien hie.
Tromp breidet in ein oan syn bondel mei trije