Unoantaastber bewûnderje? (12)
Cornelis van der Wal
Je moet altijd, vind ik, in je leven een paar dingen onaantastbaar bewonderen, want dat houdt je zelf nederig en dan blijf je je best doen.
Kees Fens
Om ien ûnoantaastber te bewûnderjen moatte jo op 'e knibbels falle en roppe fan: ‘O, wat geweldich!’ Ien dy't kreatyf dwaande wêze wol moat him of har no krekt net ‘nederich’ fiele.
Ik kin lykwols wol in rychje nammen neame fan minsken dêr't ik in ferbining mei haw. De folchoarder is foar in grut part tafallich en der binne fansels noch folle mear: Wagner, Bruckner, Mahler, Skrjabin, Mozart, Puccini, Trakl, Hölderlin, Rimbaud, Baudelaire, Tolkien, Quirinius Kuhlmann, Boeddha, Blavatsky, Jung, Nietzsche en fansels de man dy't it bier útfûn hat.
Jim sjogge wol: der sit alwer gjin Fries by! Skande!