begjin as it ôfskie fan Nauta syn meidwaan oan it Fryske literêr bedriuw ferbûn binne mei it politike karakter fan de Fryske taalstriid. In minderheidstaal is ferbûn mei oerhearsking en ûnderskikking. Yn de tiid nei Kneppelfreed, at Nauta yn De Tsjerne debutearret (1954), lit er him ynspirearje troch Schurer dy't de taalstriid yn in sosjalistysk perspektyf set. Skriuwen yn it Frysk is in taalpolitike kar. As Lolle Nauta syn stribjen om ta in fúzje fan Asyl, Quatrebras en De Tsjerne te kommen yn 1966 mislearret, jout er de (Fryske) literatuer oer.
Mulder wol ha dat de eigentlike reden fan de ôfskie nimmende kritikus is dat de modernisearring fan de Fryske ekonomy ûnderstek docht oan it Frysk. Dat te kearen, hat gjin doel mear. Yn de folgjende sin hat Mulder syn reaksje klear: de Fryske PvdA pleite al yn dyselde sechtiger jierren foar regionale radio en televyzje as bestriding fan de hegemony fan de Nederlânsktalige massamedia en, sjoch oan, yn 1994 is Omrop Fryslân mei deistige televyzjeútstjoerings begûn.....
Mei Mulder bin ik it iens dat it bij de taalstriid om in emansipaasjestribjen út in maatskiplike achterstânssituaasje wei giet. Hij leit de klam lykwols tefolle op de persoanlike emansipaasje fan Frysktaligen op de maatskiplike ljedder. Gauris ferwiist Mulder nei de maatskiplike tsjinstellingen tusken de strata.
Yn de ‘Taalverhoudingen in Friesland’ leit Bertus Mulder oan de hân fan in besprek fan it taalsosjologysk ûndersyk Taal yn Fryslân (1984) foar de bûtenwacht (yn it PvdA-tydskrift Socialisme en democratie) út wat de Fryske beweging, taal- en sosjale ferhâldingen mei inoar te krijen hawwe. Foar Fryslân negative politike, demografyske en ekonomyske ûntjouwings sûnt de achttjinde ieu hawwe ta marzjinalisearring fan Fryslân laat. De ûntjouwing fan de Fryske beweging is in reaksje dêrop. It taalûndersyk toande wer ris op 'e nij oan dat de migraasje en de taalmacht fan it Nederlânsk noch hieltiten negatyf op de sosjale taalferhâldingen útwurkje: ‘Hoe hoger men op de maatschappelijke ladder komt, hoe meer Nederlandstaligen men aantreft, en hoe minder friesgezind de schaarse Friestaligen zijn. (...) Friestaligen vormen een duidelijke meerderheid in de industriële, ambachtelijke en agrarische sector, maar een minderheid in de sfeer van bestuur, kunst en wetenschap.’
Mulder fynt it dêrom spitich dat de ûndersikers M. Hechter syn ideeën oer de negative útwurking fan ien aparte arbeidsmerk foar de regio en ien foar it hiele lân net yngeander yn de analyze behelle hawwe.
Yn de taspraak ‘Moderne taalpolityk’ wurdt in oplossing yn it ramt fan in yndividuele maatskiplike stiging socht. Mulder sprekt as deputearre fan kultuer oer de rjuchten dy't troch it provinsjale taalbelied binnen helle binne foar it Frysk yn it ûnderwiis, it offisjele ferkear en de media - rjuchten dy't yn Den Haach te heljen binne. Mar der is in nije bedriging fan mobiliteit en massamedia yn Fryslân sels. Dêrom moat der nij taalbelied komme.
De provinsjale Ramtnota leit klam op it Frysk as funksje-eask bij nij oan te nimmen personiel en Frysk yn de media. Troch it Frysk wichtich te