waard foaral nominearre om de grutte gefoeligens fan taal en de oarspronklikens fan har fantasije.
De sjuery wie lykwols unanym yn har oardiel dat Yn piama de dyk oer boppe alle oare boeken útstiek. Yn har rapport skriuwt se: ‘Net allinne om it belang fan it ûnderwerp - in deminte beppe - mar foaral om de wize fan útwurking. Realistysk, nochteren, mei humor en tagelyk grutte gefoeligens wurdt it ôftakelingsproses fan dizze beppe bleatlein. Troch har subtile wurkwize wit de skriuwster dit sûnder sentimintaliteit oer te bringen. Mei troch de ienfâld, de relativearjende toan en de heldere kyk op minsken is dit boek like nijsgjirrich en boeiend foar bern as foar grutte minsken. Dit is it grutste komplimint dat men in berneboek jaan kin. Mei alle oertsjûging hat de sjuery Yn piama de dyk oer fan Auck Peanstra foardroegen foar de Simke Kloostermanpriis.’
Koart om 'e hoeke, yn seis sinnen, dizze motivaasje foar Fryslâns wichtichste berneliteratuerpriis. De reaksje fan 'e laureaat:
‘Ik hie noch noait earder by in útrikking fan sa'n belangrike priis west. Earlik sein hie 'k wol wat mear fan it sjueryrapport ferwachte, safolle ha se no net út it boek helle as ik tocht hie.’
Dat de sjuery fan betinken is dat it boek like nijsgjirrich en boeiend foar bern en folwoeksenen is ferwûndert Auck Peanstra net.
‘At ik sjoch hoe't dit boek ontfongen wurdt troch grutte minsken en bern, dan ha minsken lykas Ted van Lieshout en Willem Wilmink gelyk. Dy stelle nammentlik dat it ûnsin is dat der ûnderskied makke wurdt tusken literatuer foar bern en folwoeksenen. Der is gjin ferskil, beide groepen komme by my mei har eigen ferhaal. Oer heit en mem, oer pake en beppe. Manjefyk fyn ik dat.’
Net allinne de lêzers reagearjen entûsjast op it boek ek de resinsjes wiene tige loovjend. ‘Mei humor op de sykte oan’, skreau Jant van der Weg yn it Friesch Dagblad. ‘Perfekt’, stie der boppe in resinsje fan Folkert de Jong yn Frysk en Frij. Auck Peanstra oer de krityk:
‘Soks docht je goed, je kinne wol hiel stoer roppe: Ik lûk my der neat fan oan, mar in boek is krekt as it hawwen fan bern: je wolle graach dat elkenien der aardige dingen fan seit. Eltse goede resinsje is dan al in priis, in bewiis dat je op it goede spoar sitte.’
Nei al dy loftrompetterij krige Auck Peanstra in gefoel fan ferbjustering: Hoe haw ik dit hân? Se joech yn har treflike taspraak by de priisútrikking antwurd op dy fraach:
‘Ik haw dit boek net oars skreaun as de oaren: it wie gewoan in ferhaal dat yn myn holle ûntstien is, him likernôch foar myn eagen ôfspile hat en dat ik sa goed mooglik besocht haw yn wurden wer te jaan. Ik haw my noait ôffrege, at der wol ris earder wat yn it Frysk oer skreaun wie en my ek net realisearre dat it eins wol in hiel dreech ûnderwerp wie, dat ik by de kop hie. Wol haw ik der boeken en artikels op nei lêzen, in heale ensyklopedy fan in dokter troch wrotten, fol mei medyske termen dy't ik net begriep, mar dêr't ik wol út op meitsje koe, dat demintens yn it iene gefal hiel hastich ferrint, mar by oaren hiel stadich giet; koartsein: ik koe alle kanten út. Tsjin de ein, krekt as altyd, kaam de twifel: is dit wol